Springe nei ynhâld

Dominânsjehierargy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pikoarder)
In hin dy't leech yn 'e pikoarder stiet mei fearren dy't skansearre binne troch it pikken fan oare, heger pleatste hinnen.

De dominânsjehierargy, yn 'e folksmûle ornaris de pikoarder neamd, is yn 'e etology (de stúdzje fan it hâlden en dragen fan bisten) in sosjale hierargy dy't ta stân komt troch de ynteraksjes fan 'e leden fan in groep bisten fan deselde soarte. It resultaat is in stelsel fan rangen, wêrby't beskate bisten heger pleatst binne en dêrom mear rjochten hawwe as oaren. In dominânsjehierargy komt foar by frijwol alle bisten dy't yn groepen libje, lykas apen, wolven, liuwen, harten, geiten, kij, hynders, seeliuwen en in protte soarten fûgels, en ek wol by bisten dy't net yn groepen libje, mar dy't inoar geregeldwei tsjinkomme, lykas wite haaien by de kadavers fan walfisken. De term "pikoarder" komt fan 'e waarnimming fan dizze foarm fan hâlden en dragen by de hin, in soarte wêrby't de heger pleatste leden fan 'e groep de leger pleatsten teplak wize troch nei harren te pikken.

In dominânsjehierargy is nea statysk; feroarings yn rang binne altyd mooglik en kinne bewurkmastere wurde troch bgl. ritualisearre fertoan fan agresje, direkt fysyk geweld of it stadich opbouwen fan in koälysje mei oare groepsleden troch sosjale feardichheden. Ien fêstlizzende faktor is geslacht, en om't de measte sosjale bisten in op it manlik geslacht basearre dominânsjehierargy hawwe (wêrby't de lieders altyd mantsjes binne), kinne wyfkes yn sokke soarten nea opklimme ta in liedersposysje. Dêrop binne inkele útsûnderings. Sosjale bisten mei in op it froulik geslacht basearre dominânsjehierargy binne bygelyks bonobo's en hyena's.

It ynstellen en yn stân hâlden fan in dominânsjehierargy hat foar alle leden fan 'e groep foardielen (hoewol foar heger pleatste leden fansels mear as foar leger pleatsten). Wannear't bisten yn sosjale groepen libje, kin it net oars of se sille mei-inoar konkurrearje op it mêd fan tagong ta beheinde itensboarnen en kânsen om harsels fuort te plantsjen. Ynstee dat se eltse kear dat se inoar sjogge mei-inoar yn gejocht reitsje, fêstigje se in hierargy wêryn't beide oangeande yndividuën in rang hawwe.

Mei't de krekte hichte fan sa'n rang ôfhinklik is fan in hiel soad faktoaren, komt it hast net foar dat twa bisten persiis deselde rang hawwe. Sadwaande is de iene heger pleatst yn 'e groep as de oare, wat it heger pleatste yndividu foarrang jout by it iten en ek foarrang of mooglik it allinnichrjocht op fuortplanting. As in leger pleatst yndividu him net oan 'e beheinings fan syn rang hâldt en dochs docht wat er eins net dwaan mei, seit men dat er in heger pleatst yndividu útdaget. As it dat heger pleatste yndividu net slagget om syn ûnderhearrige teplak te setten, feroarje dêrmei harren rangen en nimt de útdager tenei in hegere rang yn as syn eardere oerhearrige. Wannear't soks bart, giet it yn 'e regel om in jongere útdager dy't it plak fan in âldere, útranzjearre soartgenoat oernimt.

Hoe't de dominânsjehierargy krekt funksjonearret, ferskilt nei soarte. By guon bisten is in despoatyske diktatuer fan krêft mei in lieder dy't allinnich of mei in pear helpers alles bepaalt en gjin inkele tsjinspraak duldet. Oare soarten hawwe in relatyf egalitêre maatskippij mei mar in bytsje of hast hielendal gjin yntrasoartlike konkurrinsje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.