Pieter Hovinga
Appearance
| Pieter Hovinga | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Pieter Hovinga | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 21 april 1882 | |
| berteplak | Marsum | |
| stjerdatum | 6 juny 1942 | |
| stjerplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 1904 | |
| debút | 1901 | |
| karriêre-ein | 1911 | |
| ekstra | 1× PC kening (1904) | |
Pieter Hovinga (Marsum, 21 april 1882 - Ljouwert, 6 juny 1942) wie in Frysk keatser.
Hovinga helle 123 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1904 wist er mei Rinze Feitsma fan Wommels en Lodewijk Leicht fan Frjentsjer de PC te winnen Hovinga waard ta kening utroppen. Yn 1905 wûn hy foar Marsum de Bûnspartij foar Senioaren. Syn grutte krêft by it keatsen wie de opslach. Hy hie mar in koarte oanrin nedich om de bal mei flinke snelheid nei it perk te jeien.
Letter ferhuze er nei Ingelum en lang om let nei Ljouwert. Yn Ljouwert waard er hanneler en kocht en ferkocht alles wat er op syn paad tsjinkaam.
Pieter Hovinga ferstoar op 6 juny 1942 yn de âldens fan 60 jier.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|