Springe nei ynhâld

Pieter Helfrich

Ut Wikipedy
Pieter Helfrich
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammePieter Helfrich
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum11 april 1895
berteplakMullum
stjerdatum30 maart 1980
stjerplakHarns
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportkeatsen
PC1929,
1931
debút1918
karriêre-ein1938
ekstra1× PC kening (1931)

Pieter Helfrich (Mullum, 11 april 1895 - Harns, 30 maart 1980) wie in Frysk keatser.

Helfrich helle 376 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1929 wûn er mei Taede Zijlstra fan Mitselwier en Ids Jousma fan Dokkum foar de earste kear de PC. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Taede Zijlstra en Klaas de Jager, Pieter Helfrich waard ta kening útroppen.

Helfrich hie yn syn deistich libben in swier berop. Hy wurke fan syn tolfde jier ôf by de boer en dêrnei gâns jierren, dei út dei yn, by it hânmjittich ôfgraven fan de Mullumer terp, dy't op guon plakken wol sân meter heech wie. It iennichste foardiel dêrfan wie dat er sterke earms krige. Sels moarns betiid, fier foar it begjin fan in keatspartij, wie er dêr al dwaande om dochs mar in part deilean te fertsjinjen. Hy ferhuze fan Mullum nei Winaam en yn 1928 nei Harns. Dêr gie er oan it wurk by de gemeentereiniging, in wat minder swier berop as terpôfgraver.

By it publyk kaam er net altyd sympatyk oer omdat er te agressyf fûn, te min gefoel foar humor hie en er in nederlaach min akseptearje koe. Yn 1925 waard er sels foar in moanne skorst yn ferbân mei "it staken fan it spul". Syn lêste punten bemachtige er yn 1938. Nei syn aktive karriêre as keatser hold er foar de keatsferiening Eendracht, de gersmatte yn poerbêste kondysje en holp er by de opbou fan de tribune.

Pieter Helfrich ferstoar op 30 maart 1980 yn de âldens fan 84 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: