Springe nei ynhâld

Pieter Boddaert (natuerûndersiker)

Ut Wikipedy

Pieter Boddaert (Middelburg, 26 maaie 1733Utert, 6 maaie 1795) [1] wie in Nederlânsk genêshear en natuerûndersiker.

Boddaert wie de soan fan in Middelboarchske jurist en dichter mei deselde namme (1694-1760). De jongere Pieter helle syn M.D. oan de Universiteit fan Utert yn 1764.

Hy waard dosint natuerlike histoarje oan syn alma mater, de Universiteit fan Utert. Der binne fjirtjin brieven bewarre bleaun fan syn korrespondinsje mei Carl Linnaeus tusken 1768 en 1775. [2] Hy wie befreone mei Albert Schlosser, waans rariteitekabinet er beskreau.

Yn 1783 publisearre er 50 eksimplaren fan in identifikaasjekaai fan Edmé-Louis Daubenton syn Planches enluminées, de kleurde platen mei yllustraasjes foar de monumintale Histoire Naturelle fan de comte de Buffon (publisearre fan 1749-1789), wêrby't er binomiale wittenskiplike nammen oan de platen takende. [3] Mei't in soad fan dy nammen de earste Linnaeaanske wittenskiplike nammen wiene dy't foarsteld waarden, bliuwe se yn gebrûk. Yn 2017 befette de wrâldlist fan fûgels, ûnderhâlden troch Frank Gill en David Donsker út namme fan de International Ornithologist' Union, 190 taksa dêr't Boddaert as autoriteit foar neamd wurdt. Dêrfan wurde der 112 behannele as soart en 78 as ûndersoart.[4]

Yn 1785 publisearre er Elenchus Animalium, dêr't er as earste de wittenskiplike nammen yn neamde fan in tal sûchdieren.

Boddaert wurdt betocht yn de wittenskiplike namme fan in soarte fan Súd-Amerikaanske slang, Mastigodryas boddaerti.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Masi, Alberto. "Neornithes: nomina avium - Author A-C". Scricciolo.com.
  2. "The Linnaean Correspondence - Biography". ALVIN Platform for digital collections and digitized cultural heritage. Argivearre op 2016-12-05.
  3. Newton, Alfred (1893–1896). A Dictionary of Birds. London: Adam and Charles Black. p. 13 Note 2.
  4. Gill, F., Wright, M. & Donsker, D. (2012). IOC World Bird Names (version 3.1). (in)