Piet Pluizer
Kornelis Lolke Emmanuel Molenmaker (Ljouwert, 25 febrewaris 1916 – It Hearrenfean, 28 maaie 1983) wie in Frysk bestjoerder, puzelmakker en frijwilliger yn ferskate sport- en media-organisaasjes. Under it pseudonym Piet Pluizer waard Molenmaker yn hiel Fryslân bekend as puzelmakker. Hy stalde hûnderten Nederlânsktalige puzels gear foar de puzelkompetysje fan de Leeuwarder Courant, dêr’t er jierrenlang in sintrale rol yn hie.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Molenmaker wie de soan fan Elizabertus Molenmaker, serzjant wapening by de ynfantery, en Tjitske Sinnema. Nei de Twadde Wrâldoarloch wurke er by it Militêr Gesach, en yn 1946 kaam er yn tsjinst by de yllegaal ûntstiene Heerenveense Koerier, de foarrinner fan de Friese Koerier. Letter beklaaide er in staffunksje by de Friese Pers, dêr’t er úteinlik haad fan de administraasje waard.
Sport en frijwilligerswurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kor Molenmaker wie aktyf yn ferskate sportorganisaasjes. By de KNMV hie er jierrenlang in promininte rol binnen de motor- en autosport. Foar MAC Súd‑Fryslân wie er bestjoerslid en foarsitter, en sette er tsientallen oriïntaasjeritten út, sawol lokaal as gewestlik en ek foar RAC Noard. By fuotbalferiening It Hearrenfean wie er in skoft ponghâlder. Fierder wie er mei-organisator fan de eartiids ferneamde gersbaanraces op it Sportpark yn It Hearrenfean. Ek wie er earder foarsitter fan de Sportfederatie Heerenveen en wie er belutsen by de Hearrenfeanster Sike- en Aldereinomrop.
Puzelmakker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heerenveense Koerier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn earste puzels ferskynden ein 1947 as krystpuzel.[1] It late ta goed 4800 ynstjoeringen op de krystpuzel, wêrfan 2700 foar it lettergreperiedsel foar bern. Yn 1949 yntrodusearre er puzels wêrby't lêzers fetprinte letters út advertinsjes oernimme moasten op de puzelside.
Yn de jierren 50 ferskynden geregeld fotopuzels, lykas dy fan 22 maart 1953 mei 2300 ynstjoeringen. De rebusaksje foar it buerthûs yn Jobbegea levere 5963 ynstjoeringen op en brocht 2800 gûne op; de haadpriis wie in radiotastel. Yn 1954 folge in nij rekôr mei 6431 ynstjoeringen, mei in Batavus Bilonet-bromfyts as haadpriis. Yn 1951 wie it prizejild by ien fan 'e puzels 200 gûne.
De krystpuzel fan De Friese Koerier soarge yn 1964 foar hast 13.000 ynstjoeringen. Yn 1969 waard foar de krystpuzel fan de krante 1000 gûne oan prizejild beskikber steld.
Leeuwarder Courant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1971 ferskynde Pluizer syn earste krystpuzel yn de Ljouwerter Krante, goed foar sa'n seistûzen ynstjoerings; it Frysk Puzzelkampioenskip luts dat jier 9139 ynstjoerings. De krystpuzel fan 1976 foarme in hichtepunt mei 29.423 ynstjoerings, it heechste oantal út syn karriêre. De prizepot groeide sterk: yn 1975 wie de haadpriis 5000 gûne, en yn 1979 koene dielnimmers 10.000 gûne winne. Yn 1982 ferskynde syn 35ste krystpuzel, dêr’t er – lykas wenst – in winsk foar de lêzers yn ferstoppe.
In moanne foar syn dea ferskynde syn lêste puzel yn de Ljouwerter Krante. [2]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|