Springe nei ynhâld

Winfryd Brouwer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Piet Brouwer)

Piet Winfridus Brouwer (Snits, 24 desimber 1925) is in sjoernalist, learaar en histoarysk publisist.

Learaar skiednis en maatskippijlear, fan 1944-1969 as frater Winfridus lid fan de Utertske fraterkongregaasje, learaar oan de aartsbiskoplike kweekskoalle yn Hilfertsom (ek yn it Frysk) fan 1948-1969. Dêrnei learaar oan de Pedagogyske Akademy Sint-Lucia yn Rotterdam.

Fan 1950 oant de opheffing yn 1964 einredakteur fan Ons Noorden, roomsk deiblêd foar de noardlike provinsjes. Redaksjelid fan Frysk en Frij, It Heitelân (1958-1962) en einredakteur fan De Katholike Fries. Hie fan 1964-1969 in eigen rubryk yn de Friese Koerier en dêrnei yn it Sneeker Nieuwsblad.

Skreau artikels en ûnderwiisbrosjueres, mar ek:

  • Friesland, tweemaal Missieland (1953)
  • De brulloft fan de muonts (oersetting fan C.F. Meyer, 1953)
  • It haeilân is de wrâld (1969)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: