Pierre Soulages

Pierre Jean Louis Germain Soulages (útspr.: [sulaʒ]; Oksitaansk: Pèire Solatges; Rodez (Frankryk), 24 desimber 1919 – Nîmes, 25 oktober 2022) wie in Frânsk abstrakt keunstskilder en byldhouwer. Hy wie ien fan ‘e wichtichste keunstners fan ‘e Paryske skoalle nei de Twadde Wrâldkriich. Hy makke him opfallend troch syn gebrûk fan ljocht yn syn wurk. Hy brûkt foaral swart, mingsels mei oare tsjustere kleuren, en liet somtiden lytse ûnskildere dieltsjes stean. Hy skildere mei tsjokke laachjes en brede streken, op in wize dy’t tinken docht oan Sineeske kalligrafy.
Fan 1979 ôf ferskynden syn skilderijen – faak yn monumintale polyptiken organisearre – oanfolle mei swarte ferve, sa’t it ljocht reflektearret yn it wurk en it feroaret.
Yn 1976 wie er de ûntwerper fan it etiket fan Chateau Mouton-Rothschild, it ferneamde Frânske wynhûs yn Pauillac.
Fan 1987 oant 1994 makke e de 104 glês-yn-leadruten fan de romaanske abdijtsjerke fan Sainte Foy yn Conques (Aveyron). Yn 1979 waard er bûtenlânsk earelid fan de Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Letteren.
Soulages ferstoar yn 'e âldens fan 102 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|