Pierre Jean Baptiste Charles van der Aa

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Mr. Pierre Jean Baptiste Charles van der Aa (Haarlim, 31 oktober 1770Leien, 12 maaie 1812) wie in Nederlânsk jurist, patriot en skriuwer.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard út in luthersk predikantelaach yn Haarlim berne as soan fan Christianus Carolus Henricus van der Aa (1718-1793) en boaske 1790 mei Francisca Adriana Bartha van Peene; sy krigen fiif bern. Twa dêrfan waarden skriuwers: Mr. Christianus Petrus Eliza Robidé van der Aa (1791-1851) en Abraham Jacob van der Aa (1792-1857), bekend om syn Aardrijkskundig en Biografisch Woordenboek. Nei har ferstjerren boaske er yn 1799 mei Antoinette Catharina "Simon Thomas" by wa't er noch twa bern krige.

Van der Aa waard al yn 1789 abbekaat yn Amsterdam, dêr't er krewearre foar de omkear fan 1795. It jier dêrop waard er baljuw fan Amstellân en wie er fan 1797 oant 1805 sekretaris fan Nieuwer-Amstel. De riedspinsjonaris Rutger Jan Schimmelpenninck, mei wa't er it op steatkundich mêd net iens wie, joech him dien, wêrnei't er him as abbekaat yn Leien festige. Dat bleau er en sette him ek oan de skriuwerij. De nammen fan syn beide oare helten, Simon Thomas en Van Peene, binne as bynamme as pseudonym bekend bleaun.

Njonken tal fan rjochtsgelearde wurken skreau er ek: Handboek voor de jongelingschap (Amsterdam 1802); Aanspraak in dichtmaat bij het heugelijk vredefeest (Amsterdam 1802); Redevoering over den minst geachten stand in den Burgerstaat (Amsterdam 1802) en Kleine gedichtjes voor zeer jonge kinderen (Amsterdam 1803).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: