Pier Prins

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Pier Prins (Sibrandahûs 27 maart 1920 - Dokkum, 16 septimber 2012)[1] wie de oprjochter fan Prins Dokkum.

Hy begûn yn 1940 yn in pleats om lânbouwurktugen te ûntwikkeljen. Syn hier betelle hy troch te helpen by it melken. Yn de fyftiger jierren betocht er in stielen tsjil dy't er levere oan DAF. It stiel brûkte er letter foar goaten en profilen yn de glêstúnbou (1987). Letter waarden ek fangrails makke en oare ferkearsfeilichheidssystemen.

Yn Dokkum is de Pier Prinsleane nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Overlijdenbericht Pier Prins