Springe nei ynhâld

Pier Giorgio Frassati

Ut Wikipedy
Pier Giorgio Frassati
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum6 april 1901
berteplakTuryn
stjerdatum4 july 1925
stjerplakTuryn
etnisiteitItaljaansk
hillichferklearring
sillich ferkl.20 maaie 1990
hillich ferkl.7 septimber 2025
hjeldei4 july
hillichdomJehannes de Doperkatedraal, Turyn
attributenberchstôk, ark dat by berchbeklimming brûkt wurdt, roazekrâns, krús, lampe.
patroan fanjongerein, studinten, akademisy, berchbeklimmers, frijwilligers.

Pier Giorgio Frassati (berne yn Turyn yn 1901– ferstoarn yn Turyn yn 1925) wie in jonge Italjaan dy't troch de Roomsk-Katolike Tsjerke hillich ferklearre is. Syn libben wie koart, mar ynspirearjend troch syn djippe leauwe en sosjale ynset en hy tsjinnet dêrfandinne as foarbyld foar de jongerein.

Pier Giorgio Frassati waard op 6 april 1901 yn Turyn yn Itaalje berne. Syn heit wie Alfredo Frassati, in senator, diplomaat en oprjochter fan 'e krante La Stampa. Syn mem wie Adelaide Ametis, wie in bekende keunstneres. Hy groei op yn in hûshâlding dy't it skoan dwaan koe, dêr't it leauwe fierder net sa'n grutte rol spile. Pier Giorgio Frassati sels ûntwikkele al jong in djippe frommens. Hy studearre ynearsten oan it gymnasium en letter foar mynbou-yngenieur oan 'e Politechnyske Universiteit fan Turyn. Hy hope mei syn stúdzje letter arbeiders te helpen en harren arbeidsomstannichheden te ferbetterjen.

Pier Giorgio Frassati wie aktyf lid yn katolike jongereinbewegingen, lykas Katolike Aksje. Yn 'e âldens fan 17 jier slette er him oan by de Sint-Finsintiusferiening en holp er yn syn frije tiid earmen en siken yn syn berstestêd Turyn. Hy bestege in grut part fan 'e tiid oan it bringen fan iten, medisinen en sels syn eigen jild (dat er faak weijoech). Yn 1922 joech Frassati him by de oarder fan Dominikanen as lekedominikaan, itjinge betsjutte dat er him ferbûn oan 'e spiritualiteit fan 'e Dominikanen sûnder it kleaster yn te gean.

Frassati as berchbeklimmer.

Hy mocht graach mei freonen de Alpen yn gean om dêr bergen te beklimmmen en wie lid fan 'e Club Alpino Italiano. Foar him wienen de bergen in plak foar apostoalysk wurk mei syn freonen. Hy beklom bergen lykas de Grand Tournalin en Monte Viso. Pier Giorgio Frassati hold fan keunst, muzyk en literatuer. Syn libbensmotto wie Verso l’alto, itjinge nei de hichten betsjut, dat yn syn gefal sawol letterlik (hy wie berchklimmer) as geastlik útlein wurde kin.

Op 30 juny 1925 wie Pier Giorgio mei maten oan it farren op 'e Po, doe't er begûn te kleien oer skerpe pine yn syn rêchspieren. Op 1 july kaam er werom nei hûs mei slimme pine yn 'e holle en koarts en gie op bêd. Dyselde deis ferstoar syn beppe fan syn memmekant. Syn karakter siet him yn 'e wei om oandacht foar syn eigen klachten te freegjen, sadat de famylje alle tiid nimme koe om te rouwen foar syn beppe, mar op 2 july waard dochs in dokter roppen dy't him frege oerein te kommen, mar dat slagge him op dat stuit al net mear. Al gau waard polio fêststeld en dat er stjerre soe. Yn 'e nacht fan 3 op 4 july waard in pryster roppen om him de Lêste Sakraminten te jaan. Dy moarns ferstoar er om 7.00 oere.

Op 'e dei fan 'e begraffenis op 7 july stienen tûzenen minsken oan 'e kant fan 'e strjitten, doe't de roustaasje nei it begraafplak gie. Hy waard begroeven yn it famyljegrêf fan 'e Frassati's op it tsjerkhôf fan 'e gemeente Pollone yn Piëmont.

Sillichferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 2 july 1932 waard yn Turyn it sillichferklearringsproses iepene. Op 12 juny 1978 krige Frassati fan paus Paulus VI de titel Tsjinner fan God. Yn 1981 waard it grêf fan Pier Giorgio iepene foar kanonyk ûndersyk yn it ramt fan it sillichferklearringsproses. By it iepenjen dy blieken dat it lichem fan Pier Giorgio noch opmerklik geef wie. It lichem bleau doe noch op in tydlik plak dat ûnder tafersjoch fan 'e dominikanen en it aartsbisdom fan Turyn stie.

Grêf fan Pier Giorgio Frassati yn 'e katedraal fan Turyn.

Nei't it goed dokumintearre wûnder fan Domenico Sellan formeel erkend waard troch de tsjerke, waard op 20 febrewaris 1989 de proseduere foar de sillichferklearring goedkard. Paus Jehannes Paulus II ferklearre Frassati op 20 maaie 1990 sillich en neamde him in foarbyld foar de jongerein fan ús tiid. It lichem fan Pier Giorgio Frassati op 31 july 1990 plechtich oerbrocht nei de Sint-Jehannes de Doperkatedraal fan Turyn. Dêr leit er no yn in glêzen skryn oan 'e rjochterkant fan it haadalter, dêr't in soad pylgers en jongerein út de hiele wrâld komme om him te earjen.

Hillichferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sillichferklearring makke de wei frij foar de hillichferklearring.

It earste wûnder wie de genêzing fan Domenico Sellan (berne 1892), dy't yn 1933 fan 'e sykte fan Pott (tuberkuloaze fan 'e rêchbonke) mei ferlamming te lijen hie. In pryster besocht Sellan op syn stjerbêd yn desimber 1933 en joech him in bidprintsje en trune him oan om de foarspraak fan Frassati te freegjen. Nei it bidden waard Sellan ynienen better en hy libbe noch 35 jier. It wie in medysk ûnferklearbere genêzing dy't oan Frassati's foarspraak taskreaun waard en ta de sillichferklearring yn 1990 late.

It twadde wûnder wie de genêzing fan Juan Manuel Gutiérrez, in seminarist fan Meksikaanske komôf yn Los Angeles, dy't yn 2017 by basketbal syn haksine skuorde. In MRI-scan op 31 oktober befêstige de blessuere; in operaasje wie nedich, folge troch in perioade fan yntinsive revalidaasje. Op 1 novimber op Alderheljen naam Gutiérrez it beslút in noveen te bidden ta de sillige Frassati om help te freegjen. Wylst Gutiérrez al in pear dagen oan it bidden wie, fielde er syn ferwûne hakke waarm wurden en de pine ferdwûn. Op 15 novimber, seis dagen nei't er syn noveen ôfmakke hie, gie hy nei de sjirurch dy't him operearje soe. Nei't de sjirurch de ôfbyldings fan 'e ferwûning op 'e kompjûter seach en de Thompson-test by him die, koe er gjin skuorre mear fine. De dokter sei him dat de MRI korrekt wie, dat op 31 oktober in skuorre yn 'e haksine sjoen waard en dat dit soarte ferwûnings net fansels genêzen, mar krekt oarsom, mei de tiid slimmer waarden en de genêzing medysk net te ferklearjen wie. Paus Fransiskus karde de genêzing fan Juan Manuel Gutiérrez formeel goed as in wûnder op 25 novimber 2024.

Paus Leo XIV ferklearre op 7 septimber 2025 mei in pontifikale heechmisse op it Sint-Piterplein Pier Giorgio Frassati tagelyk mei Carlo Acutis, dy't oan akute leukemy ferstoar, hillich. It wie de earste hillichferklearring fan 'e nij paus sûnt dy op 8 maaie 2025 keazen wie as biskop fan Rome.

Brânskilderd raam yn 'e Karmeltsjerke fan Bristol, Feriene Steaten.

De feestdei fan Pier Giorgio Frassati is op 4 july fêststeld. Dat is de dei fan syn ferstjerren yn 1925, syn dies natalis, de dei dat er neffens de roomske tradysje berne waard yn 'e himel.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: