Springe nei ynhâld

Pier Christiaansleat

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 jun 2008 om 19.35 troch SieBot (oerlis | bydragen) (Bot - oars: nl:Pier Christiaansloot)
Fan Dolsterhuzen rjochting de Tsjûkemar
Kaart omjouwing

De Pier Christiaansleat is in sleat yn de gemeente Lemsterlân. De sleat ferbynt de rivier De Tsjonger (ek: De Kuunder) mei de Tsjûkemar en rint dêrby troch Ychtenbrêge. De farwei foarmet ek de grins fan twa doarpen. Oan de noardeastside leit Dolsterhuzen en oan de súdwestside leit Ychtenbrêge. Healwei de sleat leit oan de súdwestside de Klynsmafeart.


De namme Pier Christiaansleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Pier Christiaansloot.