Piazza Armerina
| Piazza Armerina | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | Sisylje | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 20.497 (31.05.2024)[1] | |
| Oerflak | 304,54 km² | |
| Befolkingsticht. | 67,3 ynw./km² | |
| Hichte | 697 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 94015 | |
| Koördinaten | 37°23' N 14°22' E | |
| Kaart | ||
Piazza Armerina is in stêd en gemeente tichteby de stêd Enna yn it sintrum fan it Italjaanske eilân Sisylje.
De stêd is ferneamd om de Villa Romana del Casale, dy't yn in tichteby lizzende delling leit en ien fan 'e bêst bewarre filla's út 'e Romeinske perioade is. De filla besit ferskate fliermozaïken.
By de gemeente Piazza Armerina hearre ek de plakken: Aldovino, Azzolina, Bellia, Camemi, Cametrice, Cannata, Colla-Casale, Farruggio, Fegotto, Floristella, Gatta, Grottacalda, Leano, Marino, Polleri, San Giacomo, Santa Croce, Scarante, Serrafina
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Piazza Armerina giet werom op 'e Normandyske tiid, mar it gebiet is al sûnt de lette prehistoarje bewenne. Dat docht bliken út archeologyske fynsten fan Monte Navone en Montagna di Marzo. De stêd bloeide yn 'e Romeinske tiid, lykas bliken docht út de Villa Romana del Casale út 'e 4e iuw nei Kristus. Yn 'e 12e iuw bloeide de stêd fannijs as hannelssintrum. Troch de iuwen hinne groeide it plak it út ta in echte stêd. Lang bleau de namme fan it plak Piazza, itjinge merkplak betsjut, mar yn 1862 waard Armerina tafoege.
De ferneamdste ynwenner fan 'e stêd is Antonino Cascino, in generaal yn 'e Earste Wrâldkriich. In grut stânbyld fan him stiet yn it sintrum fan 'e stêd mei it ûnderskrift Siate la valanga che sale ("Wês de lawine dy't opkomt"). Dêrmei doelde hy op de troepen dy't massaal de bergen yn 'e Alpenregio bestoarmen en sa de Eastenrikers, de fijân fan dy tiid, oer it mêd kamen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
