Phillip Parker King
| Phillip Parker King | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 13 desimber 1791 | |
| berteplak | it eilân Norfolk, Austraalje | |
| stoarn | 26 febrewaris 1856 (64 jier) | |
| stjerplak | Sydney, Australië | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | marine-ofsier, ûntdekkingsreizger, natuerûndersiker | |
| reden bekendheid | Ferkenning fan de kustline fan Austraalje | |
Phillip Parker King (13 desimber 1791 – 26 febrewaris 1856) wie in wie in Britske marine-ofsier en iere ferkenner fan de Australyske en Patagonyske kusten.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]King waard berne op Norfolk Island; syn âlden wiene Philip Gidley King (letter gûverneur fan Nij-Súd-Wales) en Anna Josepha Coombe. Yn 1796 stjoerden syn âlden him foar syn oplieding nei Ingelân, en yn 1802 waard er talitten ta de Royal Naval Academy yn Portsmouth, it opliedingsynstitút foar takomstige ofsieren fan de Royal Navy.
Hy gie yn 1807 by de Britske marine en berikte yn 1814 de rang fan luitenant op see. Hy krige de opdracht om dielen fan de Australyske kust yn kaart te bringen dy't noch net ferkend wiene.
Ferkenningsreizen om Austraalje hinne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1817 en 1822 makke er fiif reizen. De bemanning bestie út 19 persoanen, ûnder oaren in botanikus. De Britske Admiraliteit joech King opdracht om te sykjen nei in rivier dy't tagong jaan soe ta it binnenlân fan it kontinint. Der waard socht nei ynformaasje oer de topografy, floara, fauna en it klimaat, en ek nei weardefolle grûnstoffen lykas hout en mineralen. Dêrneist woe se mear te witten komme oer de Aboriginals en harren reewilligens om hannel of ruilhannel te driuwen.
By de earste en twadde reis waard it eilân Timor oandien, wylst by de fyfde reis in tuskenstop op Mauritsius makke waard. Dizze lêste reis einige yn jannewaris 1820 yn Sydney.

Ekspedysjes nei Súd-Amearika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1821 waard King befoardere ta kommandant fan in skip, en yn april 1823 reizge er nei Ingelân. Dêr krige er it befel oer it ûndersyksskip HMS Adventure. Tegearre mei de HMS ''Beagle'' ferkenden se tusken 1826 en 1830 de rûge kusten en eilannen fan de Strjitte fan Magellaan. King sammele etnografyske objekten yn Patagoanje en fan lânseigen stammen op Fjoerlân (Tierra del Fuego) foar it Britsk Museum. Hy makke ek tekeningen en akwarellen foar syn reisferhalen en die ferslach fan wringeleaze dieren – lykas seepokken (Cirripedia) en weakdieren – en fan de sammele fûgelsoarten. Nei syn weromkear yn Londen yn 1831 joech er in presintaasje by in gearkomste fan de Royal Geographical Society.
Syn âldste soan, Philip Ridley jr., begelate him op de reis troch Súd-Amearika. By de twadde reis fan de HMS Beagle (1831–1836) ûnder befel fan Robert FitzRoy fear Philip Ridley jr. as adelboarst mei Charles Darwin (1809–1882) mei. Yn de rin fan dy reis, yn jannewaris 1836, brochten se in besite oan Philip Parker op syn lânhûs Dunheved, tichteby Sydney.[1]
Lêste jierren yn Austraalje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Phillip Parker King gie yn 1832 werom nei Sydney. Yn febrewaris 1839 waard King beneamd ta lid fan de Wetjaande Ried fan Nij-Súd-Wales en spile er in wichtige rol yn in Australysk lânboubedriuw. Yn 1855 waard er beneamd ta rear-admiral, in Britske rang dy't ferlykber is mei de Nederlânske rang fan skout-by-nacht. Hy wie ek lid fan de Royal Society.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]King korrespondearre mei leden fan de Royal Society oer de floara en fauna dy't er by syn reizen tsjinkaam. Hy beskreau sels 14 nije fûgelsoarten yn The Zoological Journal, wêrûnder de Magellaanske râl (Rallus antarcticus). Nij beskreaune planten en bisten — lykas de Australyske orchidee Dendrobium kingianum en de kraachhagedis (Chlamydosaurus kingii) — waarden ta eare fan him nei him ferneamd. Ek de King Sound yn West-Austraalje waard nei him ferneamd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Norfolkeilânsk persoan
- Ingelsk militêr
- Ingelsk ûntdekkingsreizger
- Ingelsk ornitolooch
- Ingelsk publisist
- Ingelsk persoan fan Kornysk komôf
- Australysk ûntdekkingsreizger
- Australysk ornitolooch
- Australysk publisist
- Australysk persoan fan Kornysk komôf
- Australysk persoan fan Ingelsk komôf
- Persoan berne yn 1791
- Persoan stoarn yn 1856