Philippsburg (Loga)
| Philippsburg | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| dielsteat | ||
| plak | Lier-Loga | |
| koördinaten | 53°14'N 7°29'E | |
| Skiednis | ||
| boujier | 1730 | |
| Oars | ||
| boustyl | barok | |
| Kaart | ||
De Philippsburg is in slot yn Loga, in Stadtteil fan 'e Dútske stêd Lier, Nedersaksen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Freihear Philipp von Wedel liet it slot yn 1730 as wente bouwe. Oarspronklik bestie it hiele kompleks út mar ien ferdjipping, útsein it sintrale diel mei de klokgevel. Yn 1904 waard it slot troch greve Botho von Wedel mei in ferdjipping ferhege. De klokgevel waard dêrby yn it kompleks yntegrearre.
De greven Von Wedel besieten ek de Evenburg in pear hûndert meter fierderop en sûnt 1746 it slot Gödens yn Sande.
Troch fererving is de Philippsburg yntusken ta de famylje fan 'e greven Von der Schulenburg en wurdt hjoed-de-dei ek noch bewenne. It park is foar in part partikulier en foar in part fan 'e gemeente.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It slotsje bestiet út trije fleugels yn 'e styl fan 'e Nederlânske barok. Fan it sintrale haadgebou is allinnich noch it diel mei de klokgevel fan it oarspronklike gebou. De trep nei it mei in wapen fersierde portaal wurdt oan wjerssiden troch stiennen liuwen flankearre.
Yn it park leit oan 'e Logaer Weg it joadske begraafplak.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
