Philippe Cattiau
| Philippe Cattiau | ||
![]() | ||
| Philippe Cattiau (1932) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Philippe Louis Eugène Cattiau | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 28 july 1892 | |
| berteplak | Saint-Malo | |
| stjerdatum | 18 febrewaris 1962 | |
| stjerplak | Saint-Malo | |
| gewicht | 1.65 m | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Skermjen | |
| O.S. | Antwerpen 1920, Parys 1924, Amsterdam 1928, Los Angeles 1932, Berlyn 1936 | |
| karriêre-ein | 1939 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Philippe Louis Eugène Cattiau (Saint-Malo, 28 july 1892 - Dêre, 18 febrewaris 1962) wie in Frânske skermer.
Philippe Cattiau waard berne as soan yn in húshâlding fan in Frânsk offisier, dy liet syn soan yn de kunde komme mei skermen. Yn de âldens fan 18 jier gie Philippe Cattiau krekt as syn heit by it leger Hy waard ein augustus 1914 yn syn ûnderskonk sketten yn de Slach om Guise, net fier fan Saint-Quentin yn de Earste Wrâldkriich. Dêrnei waard er kriichsfinzen makke en ynternearre yn Dútslân oant it ein fan 'e kriich ta.
Nettsjinsteande de beheiningen yn syn skonk wist er him op te wurkjen oant de wrâldtop fan it skermen tusken de twa wrâldkrigen yn. Hy die meardere kearen mei oan de wrâldkampioenskippen, en fiif kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920, 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear wrâldkampioen en trije kear Olympysk kampioen mei ferskate swurden.
Oan de ein fan syn sportkarriêre waard er trainer fan it Frânske skermteam foar alle trije de wapens
Philippe Cattiau ferstoar op 18 febrewaris 1962, yn 'e âldens fan 70 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

