Philipp Ludwig Statius Müller
| Philipp Ludwig Statius Müller | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 25 april 1725 | |
| berteplak | Esens | |
| stoarn | 5 jannewaris 1776 | |
| stjerplak | Erlangen | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | teolooch, soölooch | |
| reden bekendheid | Oersetting Systema naturae yn it Dútsk | |
Philipp Ludwig Statius Müller (Esens, 25 april 1725 – Erlangen, 5 jannewaris 1776) wie in Dútske teolooch en soölooch. Hy publisearre faak ûnder de skûlnamme Philipp Alethophilus.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Statius Müller studearre fan 1741 oant 1744 teology en filosofy oan de Universiteit fan Jena. Op 30 oktober 1745 waard er predikant foar de Lutherske gemeente Amersfoort. Yn 1749 sette er ôf nei Ljouwert. Yn 1754 ferbruts er syn bannen mei de tsjerke nei de beskuldiging dat er sympatisearre mei Balthasar Bekker en dat syn teologyske opfettings tefolle de sjenswizen fan de Ferljochting fertsjintwurdigen.
Nei syn brekken mei de tsjerke waard Müller heechlearaar natuerwittenskippen yn Erlangen. Tusken 1773 en 1776 publisearre er de Dútske oersetting (Natursystem) fan Linnaeus syn Systema naturae.
It supplemint, fan 1776, befette de earste wittenskiplike systematyk foar in grut tal nij beskreaune diersoarten, dêrûnder 84 fûgelsoarten lykas de lytse barmsys (Acanthis f. cabaret), hoatsin (Opisthocomus hoazin), wite kaketoe (Cacatua alba) en de Sineeske kraanfûgel (Grus japonensis), dêr't er de soarteauteur fan waard. [1][2]
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Zeedemeester der kerkelyken. Tongerlo, Amsterdam 1750.
- De traanen eenes volks, over het verlies van een eminent Opper-Hoofd. Ljouwert 1751.
- Die rechtmäßige Freude über die Wohlthaten Gottes das Jenaische Universitäts-Jubilär betr. Jena 1758.
- Dissertationis de justo probabilitatis valore et usu sectio teria. Erlangen 1758.
- Oratoriam extemporaneam a praeivdiciis nonnvllis, qvibvs est obnoxia vindicat. Camerarius, Erlangen 1758.
- Kurze Anleitung zur Holländischen Sprache. Erlangen 1759.
- Einsame Nachtgedanken.Wenen 1761.
- Kort Ontwerp van de zedelyke Oogmerken Gods by de Schepping en Regeering deezer Waereld. Amsterdam 1762.
- Dvbia Coralliorvm Origini Animali Opposita. Camerarius, Erlangen 1770.
- Bedenkingen betreffende den dierlijken oorsprong der koraal-gewassen. Blussé, Dordrecht 1771.
- Des Ritters Carl von Linné vollständigen Natursystems. Nürnberg 1776.
- Verzeichniß einer zahlreichen und auserlesenen Sammlung von Naturalien. Erlangen 1778 p.m.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|