Philip Lutley Sclater
| Philip Lutley Sclater | ||
| Philip Lutley Sclater | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 4 novimber 1829 | |
| berteplak | Tangier Park, Wootton St Lawrence, Hampshire | |
| stoarn | 27 juny 1913 (83 jier) | |
| stjerplak | Odiham, Hampshire | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | Abbekaat, soölooch | |
Philip Lutley Sclater (1829-1913) wie in Ingelske jurist en ornitolooch. Yn 'e soölogy wie er in betûft ornitolooch en identifisearre er de wichtichste soögeografyske regio's fan 'e wrâld. Hy wie 42 jier lang sekretaris fan 'e Zoological Society of London, fan 1860 oant 1902.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sclater waard berne yn Tangier Park, yn Wootton St Lawrence, Hampshire, dêr't syn heit William Lutley Sclater in bûten hie. George Sclater-Booth, 1e Baron Basing wie de âldere broer fan Philip. Philip groeide op yn Hoddington House dêr't er al jong ynteressearre rekke yn fûgels. Hy gie nei skoalle yn Twyford en gie doe't er trettjin wie nei Winchester College en letter Corpus Christi College yn Oxford dêr't er ornitology studearre ûnder Hugh Edwin Strickland.
Yn 1851 sette Sclater útein mei syn stúdzje rjochten en waard talitten as Fellow fan Corpus Christi College. Yn 1856 reizge er nei Amearika en besocht Lake Superior en de bopperin fan 'e rivier St. Croix, en sakke dy rivier ôf yn in kano nei de Mississippy. Sclater skreau hjir oer yn Illustrated travels. Yn Philadelphia moete er Spencer Baird, John Cassin en Joseph Leidy oan 'e Academy of Natural Sciences. Nei't er werom wie yn Ingelân, praktisearre er ferskate jierren as advokaat en besocht er gearkomsten fan 'e Zoological Society of London.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1858 publisearre Sclater in artikel yn 'e Proceedings of the Linnean Society, wêryn't er seis soölogyske regio's ûnderskiede dy't er de Paleärktyske, Etiopyske, Yndiaaske, Australazyske, Neärktyske en Neotropyske neamde. Dizze zoölogyske regio's binne noch altyd yn gebrûk. Hy ûntwikkele ek de hypoteze fan Lemuria yn 1864 om zoölogyske tafallichheden te ferklearjen dy't Madagaskar mei Yndia ferbûnen.
Yn 1874 waard er priveesekretaris fan syn broer George Sclater-Booth, MP (letter Lord Basing). Him waard in fêste posysje yn 'e amtnerij oanbean, mar hy wegere. Yn 1875 waard er foarsitter fan 'e Biologyske Seksje fan 'e British Association for the Advancement of Science, dêr't er yn 1847 lid fan waard. Hy waard yn 1873 keazen as lid fan 'e American Philosophical Society.
Sclater wie de oprjochter en earste redakteur fan The Ibis, it tydskrift fan 'e Britske Ornitologe-uny. Hy wie siktaris fan 'e Zoological Society of London fan 1860 oant 1902. Hy waard koart opfolge troch syn soan, foardat de Ried fan it Genoatskip in beneaming foar de lange termyn makke.
Yn 1901 beskreau er de okapy foar westerske wittenskippers, hoewol't er der nea ien yn libben sjoen hie. Syn kantoar oan 11 Hanover Square waard in moetingsplak foar alle biologen yn Londen. Reizgers en ynwenners dielden notysjes mei him en hy korrespondearre mei tûzenen.
Syn fûgelkolleksje groeide ta njoggentûzen en dy droech er yn 1886 oer nei it Britsk Museum. Ek yn dy snuorje waard it museum útwreide mei de kolleksjes fan Gould, Salvin en Godman, Hume, en oaren om it grutste yn 'e wrâld te wurden. Under de wichtichste boeken fan Sclater wiene Exotic Ornithology (1866–69) en Nomenclator Avium (1873), beide mei Osbert Salvin; Argentine Ornithology (1888–89), mei W.H. Hudson; en The Book of Antelopes (1894–1900) yn'e mande mei Oldfield Thomas.
Yn juny 1901 krige hy in earedoktoraat yn 'e Wittenskippen (D.Sc.) fan 'e Universiteit fan Oxford.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sclater troude yn 1862 mei Jane Anne Eliza Hunter Blair. It pear krige ien dochter en fjouwer soannen. De âldste soan William Lutley Sclater (1863-1944) gie yn de fuotleasten fan syn heit en hearde ta de ferneamde Britske ornitologen fan syn tiid. Hy kaam om yn 1944 by in V1-oanfal op Londen. Harren tredde soan, Guy, wie in marineoffisier dy't yn 1914 it libben ferlear by in eksploazje op it slachskip HMS Bulwark.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Philip Lutley Sclater fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
