Philip Ernst Vegilin fan Claerbergen (1613-1693)

Ut Wikipedy

Philip Ernst Vegilin van Claerbergen (Neustadt an der Haardt, 12 oktober 1613 - Ljouwert, 6 febrewaris 1693) wie in ealman út de Palts yn Dútslân. Fan 1641 ôf wie hy siktaris, ried en hofmaster oan it Fryske steedhâlderlike hof (1641-1664), ealman oan it hof fan de karfoarst fan de Palts, drost fan Liesveld, en yn 1658 kaptein fan in kompanjy Frânsken ta repartysje fan Fryslân.[1]

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy hjitte krektas syn heit, dy 't troud wie mei Brigitta Hantes. Fanâlds kaam it laach út it Dútske Konstanz. De âldst bekende foarfaar waard berne yn 1425. Dy syn pakesizzer krige yn 1507 in wapenbrief fan keizer Maximiliaan I sadat hy it wapen fiere mocht fan Geisterendorff, syn memmekant. Yn 1641 kaam Philip Ernst nei Fryslân, wat it begjin wurde soe fan in perioade fan trije iuwen Fryske bestjoerders út it laach Vegilin van Claerbergen. Syn lêste bestjoerlike neisiet wie de boargemaster fan Haskerlân jhr. Pieter Bejamin Johan dy 't yn 1942 ferstoar.

Hy ferstoar yn 1693 yn Ljouwert en waard begroeven yn Akkrum. Hy hie sels de list mei útnoegings foar de routsjinst makke en de útfeart tot yn detail regele.

Houliken en bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy troude yn 1643 yn Ljouwert mei Fokje fan Sminia (1615-1658), widdo fan de riedshear fan Hillema († 1640), telch út in rike famylje. Hja hie in dochter, Aurelia (1636-1707) dy 't mei Egbert fan Baerdt trouwe soe. Philip Ernst en Fokje krigen fiif soannen en in dochter. Allinnich de jongste soan soe him oerlibje:

  • Hessel (1655-1715), grytman fan Utingeradiel, letter grytman fan Haskerlân.

Hy wertroude yn 1660 yn De Bilt mei Josina Ruijsch (± 1633-1700), dochter fan de Utertske boargemaster Frederik van Den Engh. Philip Ernst en Josina krigen fiif soannen en twa dochters. De beide âldste soannen ferstoaren al jong.

  • Frederik (1668-1713), offisier yn tsjinst fan de Steaten, it lêst generaal-majoar ynfantery 1709, gûverneur fan Damme; fan him stamje de jongste generaasjes ôf.
  • Philip Hugo (1669-)

Hy bewenne yn Ljouwert ûnder oare it Eysingahûs oan de Turfmerk en it Sirksmahûs. Yn de tiid dat hy drost wie, fanôf 1661, wnne hy ek op it kastiel fan de barony Liesveld dêr 't syn jongste soan berne waard. Mei syn twadde frou kocht hy yn 1663 in hûs bûten de stêd yn it Fjouwerhûs oan de Dokkumer Ie, dat de bern nei it ferstjerren fan Josina ferkochten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: