Springe nei ynhâld

Filmfestival fan Philadelphia

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Philadelphia Film Society)
Filmfestival fan Philadelphia
Philadelphia Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Pennsylvania
county Philadelphia County
plak Philadelphia
tiid fan it jier hjerst
bysûnderheden
ôfkoarting PFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1991 – no
org. troch Philadelphia Film Society
offisjele webside
www.filmadelphia.org

It Filmfestival fan Philadelphia (Ingelsk: Philadelphia Film Festival) is in filmfestival dat hjerstmis yn 'e Amerikaanske stêd Philadelphia holden wurdt. It bestiet sûnt 1991 en duorret elts jier twa wiken. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Philadelphia Film Society. It evenemint fynt plak yn ferskate bioskopen yn Philadelphia sels en yn in stikmannich foarstêden. De tweintichste edysje fan it Filmfestival fan Philadelphia yn 2010 loek 35.000 besikers.

It Filmfestival fan Philadelphia waard oprjochte yn 1991 en is dêrmei ien fan 'e langst besteande filmfestivals fan Pennsylvania. Hast tweintich jier lang waard it holden yn 'e earste beide wiken fan april, mar yn 2009 waard it ferskood nei it neijier.

De films dy't op it Filmfestival fan Philadelphia fertoand wurde, binne benammen guons dy't oars net gau yn Philadelphia en omkriten yn 'e bioskoop te sjen wêze soene. Yn 2010 bestie it oanbod út mear as 250 ûnderskate films. Dy binne ferdield oer de folgjende seksjes:

Oare eveneminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Filmfestival fan Philadelphia omfiemet njonken fertoanings fan films ek moetings mei regisseurs, wêrby't it publyk fragen stelle mei, en fierders paneldiskusjes dêr't lju út 'e filmyndustry oan dielnimme, workshops oangeande it skriuwen fan senario's, en lêzings oer filmmeitsjen yn it algemien.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.