Grutsnaffelstirns
| Grutsnaffelstirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phaetusa simplex | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De grutsnaffelstins (Phaetusa simplex) is in Súdamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae) yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutsnaffelstirns is net betiizgjen mei oare stirnzen troch syn tige krêftige giele snaffel. Mei in lichemslingte fan 38-42 sintimeter is er in relatyf grutte stirns.
Yn it briedkleed hat de soarte in swarte mûtse. De stút en ûnderkant binne wyt, de flanken griis en de poaten giel. De boppekant is middelgriis, donkerder as by de measte stirnzesoarten. Yn 'e flecht is dúdlik te sjen dat de wjukken trije kleuren ha: fan ljochtgriis nei wyt mei donkere haadslachpinnen. De fûgel hat in brúnswarte iris.
Bûten it briedseizoen binne de kroan en foarholle bleker, lykas dat ek it gefal is by jonge fûgels, dy't ek in blekere snaffel en in brúnbûnte rêch en wjukken ha.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutsnaffelstirns is de iennige soarte yn it monotypyske skaai Phaetusa. Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- Phaetusa simplex simplex – fan eastlik Kolombia oant eastlik Brazylje, Trinidad, it Amazônegebiet en westlik Ekwador.
- Phaetusa simplex chloropoda – oan 'e rivier de Paraguay en de rivier de Paraná oant noardlik Argentynje.
Guon autoriteiten ferdiele de fûgel net yn ûndersoarten.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar by brede rivieren en marren, dêr't er briedt op strannen en sânbanken. Bûten it briedseizoen wurdt er ek yn estuaria en kustmangrovebosk waarnommen. Grutsnaffelstirnzen briede yn lytse groepkes oant maksimaal hûndert fûgels, faak njonken de Amazônestirns (Sternula superciliaris), de swarte skimker (Rynchops niger) en Amerikaanske lytse stirns (Sternula antillarum). In lechsel bestiet út maksimaal trije aaien.
De fûgel libbet fan lytse fiskjes tusken de fjouwer en tolve sintimeter lang. Hy fangt syn proaien troch te dûken fan seis oant alve meter heech. Ek wurdt waarnommen dat er ynsekten boppe waadflakten fangt of iten siket by it ploegjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. In rûge rûzing skat de wrâldpopulaasje op 23.300 oant 83.300 folwoeksen fûgels (Wetlands International 2023).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Grutsnaffelstirns
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
