Peymastate (Ternaard)

Ut Wikipedy

Peymastate wie in state fier eastlik fan Ternaard, gemeente Dongeradiel. Hy foarme in Ternaarder enklave yn de noardeastlike himrik fan Hantumhuzen. It terrein is no boulân.

De state is grif yn de rin fan de 16e iuw ûntstien. Peyma is in steatlike eigenierde state dy't grif yn de Midsiuwen gjin ferdigenbere stins hie en wêrfan't de bewenners ek net ta de haadlingen hearden. Yn de 16e iuw krigen de famylje en de state mear en mear oansjen. Der wienen houliken mei aadlike partners, ûnder harren sels in Liauckema fan Seisbierrum. Oan it oansjen fan de famylje droech ek it troch Worp fan Peyma († 1624) ynstelde fideicommis by, wêryn ûnder mear bepaald waard dat de namme eventueel ek yn froulike line fererve moast. De namme waard dêrtroch in fêst bestândiel fan in soad gearstalde nammen, lykas fan Peyma Hopperus, fan Peyma Dorville, Boekhout fan Peyma, Beintema fan Peyma ensfh. De lêstneamde famylje waard yn 1697 en 1871 yn de ryksadelstân ferheft.
Yn 1698 is it hast 35 hektare grutte guod yn besit fan "wijlen dr. Johannes Peyma twee pupillen, voor 1/6", "Petronella van Peyma, voor 1/6", "de drie kinderen en erven van wijlen Onuphrius Beintema van der Meulen, voor 1/2, papist" en "Agatha Lucia â Peyma, voor 1/6". By de bern fan Onuphrius Beintema van der Meulen stiet fermeld dat se de brûkers wiene, mar ek stiet Abe Hiddes fermeld as brûker fan de helte fan it guod. Mooglik as pachter fan de trije oare eigeners, wat wiist op skeel tusken de eigeners en in twadieling fan it guod.

Yn 1728 hearde it guod foar de helte oan de widdo fan Ids Jans en de oare helte oan har soan Harmen Idses. Hy wie ek eigener fan de ûnder Hantumhuzen lizzende oangrinzjende (eardere?) states Rintjema en Tjallema en ferpachte Peyma oan Claas Tjommes. Wat besuden fan Rintjemastate lei in twadde Peymastate op it grûngebiet fan Hantumhuzen.

Yn 1832 wie de state ôfbrutsen. It grutte rjochthoekige perseel oan de Peazens, in Ternaarder enklave yn de himrik fan Hantumhuzen, wie lykwols noch goed as hûsplak te werkennen. Ek op de topografyske kaart fan 1930 is it stateterrein noch dúdlik te ûnderskieden as in hast rjochthoekige hap út fjouwer oare perselen. By in lettere werynrjochting fan de lannen binne lykwols de grêften dimpt en is der in sleat yn noard-súd rjochting dwers troch it terrein groeven.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • - 1624 Worp fan Peyma

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: