Petrus de Hoop

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Hoop efter it buro yn Snits

Petrus Jacobus de Hoop (Frjentsjer, 6 febrewaris 1862- Amersfoort, 14 desimber 1952) wie in poltikus en tritich jier boargemaster fan Snits. It Boargemaster De Hooppark tusken de Houkesleat en de Aldfeart is yn 1937 nei him neamd.

De Hoop begûn as folontêr op de sekretary fan Loosdrecht. Dêrnei wurke er op de sekretary fan Kollum, dêr't hy yn 1886 it diploma gemeenteadministraasje helle. Syn earste boargemasterspost wie Finsterwâlde (13 april 1891 - 19 maart 1892). Dêrnei wie hy fan 20 maart 1892 oant 15 febrewaris 1907 boargemaster fan Veendam. Oanslutend waard hy yn Snits ynstallearre en soe dêr bliuwe oant 16 febrewaris 1937.

Yn syn tiid waard de wetterlieding oanlein en ferdwûnen in tal kades, kaam der in elektryske brêge oer de stedsgrêft en kaam der in nije feemerk. Der kamen in oantal plantsoenen en wannelwegen, in sportpark en in nije iisbaaan. It leger ûnderwiis waard reorganisearre en der kamen in mulo, in kristike kweekskoalle en de gemeentlike HBS gie oer nei it Ryk.

Yn syn Grinslanner tiid wie Petrus Jacobus de Hoop fan 31 oktober 1904 ôf lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân, wêryn hy de liberale partij foar it kiesdistrikt Oude Pekela fertsjintwurdige. Yn syn Snitser perioade wie hy amtshalve foarsitter fan it Kolleezje fan Setters en wie hy lid fan it Kolleezje fan Reginten fan de finzenis fan Snits oant de tiid dat de finzenis opheft waard. Fierders wie De Hoop bestjoerslid fan de Feriening fan Boargemasters yn Fryslân en folmacht fan it Wetterskip 'Wymbritseradeel c.a. Contributie Zeedijken'. Nei 4 jannewaris 1921 wie hy Dyksdeputearde fan dit wetterskip. Fanwege syn fertsjinsten waard boargemaster De Hoop op 10 febrewaris 1914 beneamd as Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau; op 4 septimber 1925 waard hy befoardere ta Offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau.