Petrus Theodorus Couperus

Ut Wikipedy
Petrus Theodorus Couperus

Petrus Theodorus Couperus (Ljouwert, doopt 17 juny 1722 - Gouda, 18 maart 1799) wie in Nederlandske predikant en regint yn Gouda fan Frysk komôf.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Couperus wie in lid fan de famylje Couperus en in soan fan de boargerhopman Lucas Couperus. Hy studearre teology oan de Universiteit fan Frjentsjer en promovearre dêr yn 1743. Op 15 novimber 1744 waard er befêstige as predikant fan Wâldsein. Nei goed tweintich jier naam er in berop oan nei Gouda en waard dêr as predikant op 2 juny 1765 befêstige. Hy wie yn syn predikanskip yn Wâldsein noch in jier legerpredikant fan 1745 oant 1746. Op 21 maaie 1784 waard er lid fan de Hollânske maatskippij fan de wittenskippen.
Couperus wie bekend om syn ferljochte tinken en wie oanhinger fan de patriotten. Hy hie ek in pear regintefunksjes yn Gouda. Sa wie er librijeremaster en skoalopsjenner. Doe't er predikant yn Gouda wie krige er skeel mei syn oranistyske kollega Dirk Johannes Metske. Dy fersette him fûl tsjin de mooglike weromkear fan Couperus yn 1787/1788, neidat dy Gouda ferlitten hie krekt foardat de rebûlje yn septimber 1787 útbrutsen. De magistraat fan Gouda gie lykwols akkoart mei syn weromkommen op betingst, dat er yn it iepenbier fan de kânsel ôf fan syn stipe oan de steedhâlder tsjûgje soe.

Couperus hat trije kear troud west. Hy wie widner fan Anna Maria Elcoma en fan Elisabeth Muileman doe 't er op 22 april 1781 yn Gouda troude mei de widdo fan Bartolomeus de Moor van Immerzeel, Huberta Catharina van Eijck, dochter fan boargemaster fan Gouda Vincent van Eijck. Couperus ferstoar yn maart 1799 yn Gouda yn de âldens fan 77 jier. Syn soan Jan wie ûnder oare baljuw fan Gouda en griffier fan it Wetjouwend Lichem.

Freonen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Couperus en Bartolomeus de Moor van Immerzeel, boargemaster fan Gouda, wiene lykas harren frou Huberta Catharina van Eijck befreone mei de skriuwster Betje Wolff. Raadwijk, de bûtenpleats fan De Moor by Alphen aan den Rijn, dy't nei dy syn ferstjerren yn it besit kaam fan Couperus, krige syn namme nei briefkjen mei Betje Wolff.

Couperus wie teffens in freon fan de predikant fan Gouderak, Jacob Gerard Staringh. Lykas as Staringh hie er niget oan de ûntwikkeling fan de lânboukunde. Beide wiene lid fan de Oeconomische Tak fan Hollandsche maatschappij der wetenschappen. Op syn bûtenpleats Raadwijk eksperimintearre Couperus mei de tylt fan nije gewaaksen. Dat feroarsake ek de ynteresse fan Staringh syn neef, de skriuwer en lânboukundige Anthony Christiaan Winand Staring. By de rebûlje yn 1787 wie Couperus krekt by in gearkomste fan de Oeconomische Tak yn Haarlim. It duorre oant ein 1788 foardat er weromkomme koe nei Gouda.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW): COUPERUS (Petrus Theodorus)
  • Jong, dr. J.J. de - Met goed fatsoen, de elite in een Hollandse stad, Gouda 1700-1780, Hollandse Historische Reeks 5, De Bataafsche Leeuw, 1985, ISBN 90 6707 095 5
  • Abels, P.H.A.M. Van ketternest tot bolwerk van rechtzinnigheid in: Duizend jaar Gouda, een stadsgeschiedenis, Hilversum, 2002, ISBN 90-6550-717-5
  • Evers, M. De vormingsjaren van A. C. W. Staring, blz. uitg. Verloren, Hilversum, 1996, ISBN 90-6550-551-2