Petrus Schotanus à Sterringa
Appearance
Petrus Schotanus à Sterringa (Dronryp, 1601 - Ljouwert, foar 1675) wie in keunstskilder.
Hy waard yn 1638 boarger fan Ljouwert, kommend fan Britswert. Teffens wurke er yn Frjentsjer en Amsterdam. Hy skildere benammen Vanitas-stillibbens. Wurk fan him hinget yn it Frysk Museum.
Yn 2021 stelde it RKD fêst dat it Nasjonaal Museum fan Georgje yn Tbilisi in skilderij fan Schotanus hat. It skilderij, in lânskip mei in kompleks bouwurk op in hichte, mei de titel Gesicht op in stêd, ûndertekene mei 'P Scho", siet al 100 jier yn de kolleksje fan it museum.[1]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Vanitas-stillibben mei boeken, deade fûgels, fruchten en in himelglobe
-
Vanitas-stillibben mei himelglobe en bibel
-
Ynterieur fan in protestantske tsjerke
-
Gesicht op in stêd
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|