Petrus- en Paulustsjerke yn Kozjevniki (Novgorod)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Petrus- en Paulustsjerke

Петропавловская церковь

VNovogorod ChurchInKozhevniki VN180.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Novgorod Oblast.svg Novgorod
plak Flag of Veliky Novgorod.svg Veliky Novgorod
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1406

De Petrus- en Paulustsjerke yn Kozjevniki is in otterdoksk tsjerkegebou yn Novgorod, Ruslân. De krúskoepeltsjerke waard boud yn 1406.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de tsjerken fan Novgorod is de Petrus- en Paulustsjerke fan ienfâldige en beskieden omfang. Nettsjinsteande dat binne de fan kalkstiennen blokken boude gevels, de apsissen en de unike tamboer dekorearre mei bakstiennen mitselwurk fan krusen, bôgen, friezen en rozetten. De tsjerke stiet yn it sintrum fan de stêd sûdlik fan it Zverin-Pokrovski-kleaster fan de Foarbea.

De namme fan de Petrus- en Paulustsjerke wurdt assosjearre mei Kozjevniki, de wyk fan de learloaiers, om't harren gilde de bou fan de tsjerke bekostige (Russysk: ремесленники-кожевники; remeslenniki-kozjevniki). De tsjerke út 1406 kaam yn it plak fan in houten tsjerke út 1227, dy't yn 1384 ôfbaarnde. Tsjintwurdich is de Petrus -en Paulustsjerke in museum. De ikoanen fan de tsjerke wurde útstald yn it Histoarysk Museum yn it kremlyn fan Novgorod.

De klokketoer fan de tsjerke waard yn de jierren 1930 ôfbrutsen. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skansearre, mar yn 1959 op 'e nij boud.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]