Springe nei ynhâld

Readwjukrotsdo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Petrophassa rufipennis)
readwjukrotsdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaiAustralyske rotsdowen (Petrophassa)
soarte
Petrophassa rufipennis
Collett, 1898
IUCN-status: net bedrige

De readwjukrotsdo (Petrophassa rufipennis) is in fûgel yn it skaai Australyske rotsdowen (Petrophassa) út de famylje dowen (Columbidae).

De likernôch 30 sm lange do hat in spanwiidte fan likernôch 13 oant 15 sm. De rêch is brún en it boarst is bleker. Readwjukdowen ha in ûnderskiedende readbrune bân op 'e bûtenste wjukfearren, dy't faak net te sjen is by in optearde wjuk. By de wytwjukrotsdo (P. albipennis) is dy bân wyt. Op 'e kop, yn 'e nekke en it boarst sitte lytse bleke plakjes. Fan 'e basis fan 'e snaffel rint ûnder it each nei de earstreek in wyt streekje. De sturt is donkergriis, de snaffel is swart en de iris donker.

It habitat is itselde as dat fan 'e wytwjukrotsdo, mar syn ferspriedingsgebiet leit allinnich op 'e rotsige hellingen fan it westlik Arnhimlân yn it Noardlik Territoarium fan Austraalje. De fûgels libje yn drûch en rotsich heechlân mei steile kliffen, berchmassiven en ravinenn. Se binne net by stedsgebieten of yn iepen bosk te sjen. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge bestjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten bestiet.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Readwjukrotsdowen ite sied, lytse fruchten en somtiden ek ynsekten. Se skarrelje op 'e grûn tusken stiennen en planten as se foerazjearje en binne tige wach. By gefaar fleane se fuort. Fanwegen de kleuren falle se yn it lânskip net op.

De readwjukrots stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2024). De soarte hat in relatyf beheind ferspriedingsgebiet, mar der wurdt oannommen dat de oantallen stabyl binne. Potinsjele bedrigingen binne ynfierde katten, klimaatferoaring en it brânbehear.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: