Petra Groenland

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Petra Groenland
Olympic Rings black.svg sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1972
berteplak Snits
lingte 1,68 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
karriêre-ein 1997
wichtige prestaasjes
Med 1.png EK 1995

Petra Groenland (Snits, ? 1972) is in eardere Fryske follybalster, hja is ek follybaltrainster. Petra Groenland wennet tsjintwurdich yn Uthoarn.

Petra begûn har follybalkarriêre yn har berteplak Snits, by Olympus. At hja sechstjin jier is, giet hja fuort út Snits en komt hja yn Drachten telâne, by follybalferiening Drachten. Dat avontoer duorre ek mar koart, nei in jier degradearre Drachten út de Earedifyzje. Petra giet dan nei follybalklup AMVJ yn Amstelveen. Dêr komt hja as follybalster ta har rjocht, hja sil dêr dan ek tweintich jier bliuwe. Yn 1995 hellet Petra mei AMVJ de earste lânstitel yn de histoarje fan de klup. Har grutste súkses hellet hja ek yn 1995, se wurdt dan yn Arnhim Europeesk kampioen mei de Nederlânske ploech. Yn totaal hat Petra Groenland 33 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Yn 1997, twa jier nei it grutte súkses, is it dien mei har karriêre: hja krige in dûbele hernia. Doe makke se de oerstap nei it trainerskip. Earst is Petra assistint-trainer by AMVJ, yn 2002 wurdt hja haadtrainer fan dy klup. Yn 2009 stie hja hommels op strjitte, der is jildpine binnen de klup, de follybalklups AMVJ en Martinus fusearren ta TVC Amstelveen. By dy nije klup wie gjin wurk foar har. Yn 2010 waard Petra trainster by de klup Abcoude. Ein 2010 waard hja frege om by VC Snits oan de slach te gean as haadtrainster. Sûnt desimber 2010 is Petra Groenland de opfolchster fan Derk de Saegher as haadtrainer fan VC Snits.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Ynterlannen oersjoch NeVeBo