Springe nei ynhâld

Pete Desjardins

Ut Wikipedy
Pete Desjardins
sporter
Pete Desjardins
Pete Desjardins
persoanlike bysûnderheden
echte nammeUlise Joseph Desjardins
nasjonaliteit Amerikaansk,
Kanadeesk
bertedatum12 april 1907
berteplakSt-Pierre-Jolys flagge fan Kanada
stjerdatum6 maaie 1985
stjerplakMiami
sportive ynformaasje
sportKeunstdûken
O.S.Parys 1924,
Amsterdam 1928
wichtige prestaasjes
Goud 2x Olympyske Spullen 1928,
Sulver 1x Olympyske Spullen 1924

Ulise Joseph (Pete) Desjardins (St-Pierre-Jolys Kanada, 12 april 1907 - Miami, 6 maaie 1985) wie in Amerikaansk keunstdûker en twafâldich Olympysk kampioen.

Pete Desjardins ferhuze as lytse jonge mei syn âlden fan Kanada nei Miami. Nei Amerikaansk steatsboarger wurden te wêzen begûn er mei keunstdûken. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen op de trije meter planke en de tsienmetertoer, nei't er fjouwer jier earder yn Parys in sulveren medalje wûn hie op de trije meter planke.

Nei de Olympyske Spelen fan 1928 waard er profesjoneel ferklearre om't er optreden hie yn in show yn Miami mei Johnny Weissmuller, Martha Norelius en Helen Meany. Hy bleau optreden yn Billy Rose's Aquacades oant it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich en wie noch hieltyd te sjen yn shows oant yn de 1960-er jierren.
Pete Desjardins ferstoar op 6 maaie 1985, yn 'e âldens fan 78 jier.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: