Springe nei ynhâld

Pescara

Ut Wikipedy
Pescara
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Abruzzen
provinsjePescara
Sifers
Ynwennertal118.553 (31.07.2025)[1]
Oerflak33,95 km²
Befolkingsticht.3.491,99 ynw./km²
Hichte4 m
Oar
Postkoade65100
Koördinaten42°27' N 14°12' E
Offisjele webside
www.comune.pescara.it
Kaart
Pescara (Itaalje)
Pescara

Pescara is in stêd yn 'e provinsje mei deselde namme yn 'e Italjaanske regio Abruzzen oan 'e Adriatyske See. It is in populêr baaiplak. De gemeente grinzet oan 'e gemeenten Chieti, Francavilla al Mare, Montesilvano, San Giovanni Teatino en Spoltore.

Rekonstruksje fan Aternum.

Yn 'e Romeinske tiid hiet Pescara Aternum en it plak hie in haven foar de hannel mei it easten fan it Romeinske Ryk, mar argeologyske fynsten, lykas in delsetting op 'e Olando-heuvel, toane oan dat it gebiet al bewenne wie yn de Neolityske tiid.

Yn 'e iuwen nei de fal fan it Westromeinske Ryk waard it plak 'Piscarius' neamd en sûnt de 11e iuw Pescaria, itjinge safolle betsjut as dat it wetter by it plak ryk oan fisk wie. Yn 1140 waard it gebiet troch Rogier II fan Sisylje oernommen en ûnderdiel fan it Keninkryk fan Sisylje. Yn 'e feodale tiid bestjoerden ferskate hearen de stêd en waarden der ferdigeningsmuorren boud. Tusken de 13e en 19e iuw hearde it tegearre mei de rest fan 'e Abruzzen ta it Keninkryk Napels.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie de stêd in strategysk punt. Alliearden bombardearren de stêd swier om de befoarrieding fan 'e Dútsers te treffen. Tusken augustus 1943 en maaie 1944 waarden in rige grutte loftoanfallen útfierd, wêrmei't in grut part fan 'e hitoaryske stêd fereatige waard. De oarlochshannelingen kosten teminsten 3.000 minsken it libben.

Nei de oarloch is Pescara werboud en de stêd ûntwikkele him ta in moderne stêd mei in promenade, strannen, havens, toerisme en yndustry.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: