Perugia
| Perugia | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Perugia | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 162.650 (31.07.2025)[1] | |
| Oerflak | 449,51 km² | |
| Befolkingsticht. | 361,84 ynw./km² | |
| Hichte | 493 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 06121–06135 | |
| Koördinaten | 43°06' N 12°23' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.comune.perugia.it | ||
| Kaart | ||
Perugia is stêd yn 'e regio Umbrje yn it hert fan Itaalje. De stêd leit súdeastlik fan Florâns en noardlik fan Rome, likernôch tusken dy twa stêden yn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Perugia giet mear as trijetûzen jier werom. Yn 'e Etruskyske tiid wie de stêd as Perusia ien fan 'e wichtichste stêden fan 'e Etrusken, in folk dat foar de Romeinske tiid oer Midden- en Noard-Itaalje hearske (fan likernôch 800 oant 300 f.Kr.). De stêd wie goed fersterke mei dikke muorren fan grutte stienblokken, dy’t op guon plakken hjoed-de-dei noch te sjen binne, bygelyks by de Augustuspoarte (Arco Etrusco).

Yn de Perusiaanske oarloch (41–40 f.Kr.) keas Perugia de ferkearde kant troch tsjin Octavianus (de lettere keizer Augustus) te fjochtsjen. Der folge in belis en de stêd waard lang om let ferneatige. In part waard letter op 'e nij boud ûnder Romeinsk bestjoer. Yn dy tiid waard Perugia in typysk Romeinske stêd mei in rjochthoekich strjitteplan en iepenbiere gebouwen.
Nei de fal fan it Westromeinske Ryk waard Perugia ûnder oaren ynnaam troch de Eastgoaten en de Byzantinen en letter ûnderdiel fan it Longobardyske keninkryk. Yn 'e hege midsiuwen ûntjoech de stêd him ta in machtige stedsrepublyk, fergelykber mei Siena en Florâns. Se hie eigen wetten, in eigen munt en Perugia hie gauris oarloch mei buorstêden. De stêd stie mear oan 'e kant fan 'e Welven. Yn dy tiid waard de Universiteit fan Perugia (1288) oprjochte, ien fan 'e âldste fan Itaalje en noch altiten in universiteit mei heech oansjen.
Sûnt de 14e iuw kaam Perugia jimmeroan mear ûnder de ynfloed fan 'e Pauslike Steat. Der wiene geregeld opstannen tsjin it pauslik gesach, mar yn 1540 ferovere paus Paulus III de stêd definityf. Om it folk de baas te bliuwen liet er it grutte fort Rocca Paolina bouwe boppe op in diel fan de âlde stêd. Dêrfoar waarden Etruskyske, Romeinske en midsiuwske gebouwen sloopt. De Rocca Paolina waard yn 'e 19e iuw ôfbrutsen, mar resten binne tsjintwurdich noch te sjen.
Yn 1860 waard Perugia ûnderdiel fan it Keninkryk Itaalje, nei't Umbrje mei help fan Piemontske troepen in ein makke oan it pauslik bewâld. Yn 'e 19e en 20e iuw ûntwikkele Perugia him as in kultureel en universitêr sintrum. De stêd stiet bekend om syn keunstakademy, de Nasjonale Galery fan Umbrië, en om it ferneamde Umbria Jazz Festival.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Palazzo dei Priori is it grutste midsiuwske bouwurk fan Perugia. It waard fasearre boud tusken 1293 en 1443 om tsjinst te dwaan as stedhûs en rjochtshûs. Underdiel fan it palazzo is it Nobile Collegio del Cambio en Nobile Collegio della Mercanzia, it hûs fan 'e gilden.
De San Lorenzo-katedraal is de haadtsjerke fan it bisdom Perugia-Città della Pieve. De bou sette útein om 1345 hinne en duorre oant yn 'e 16e iuw. De gevel waard nea hielendal foltôge. De tsjerke stiet oan it grutte plein Piazza IV Novembre, njonken de Fontana Maggiore en it Palazzo dei Priori, en foarmet it sintrum fan it histoaryske stedssintrum.
De Rocca Paolina is in renêssânse fêsting dy't tusken 1540 en 1543 boud waard yn opdracht fan paus Paulus III om de stêd Perugia ûnder pauslik gesach te hâlden. Foar de bou waarden hûzen ôfbrutsen en strjitten opbrutsen. De ûndergrûnske gongen fan 'e fêsting binne hjoed-de-dei noch te besjen.
De Pozzo Etrusco is in iuwenâlde boarne út de 3e iuw f.Kr. mei in diameter fan likernôch 5,6 m en in djipte fan sawat 37 m. De pozzo Etrusco waard yn it heechste diel fan 'e stêd boud, dêr't ea in Etruskyske akropolis lei. In oare namme foar de put is Pozzo Sorbello (de boarne Sorbello), dy't ferwiist nei de famylje Sorbello.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It Museo Archeologico Nazionale dell'Umbria is ûnderbrocht yn it eardere Dominikaner kleaster. Ien fan 'e belangrykste ojekten is de Etruskyske Cippo di Perugia, in stien mei oan twa kanten in ynskripsje yn it Etruskysk út 'e 3e / 2e iuw f.Kr.
- De Galleria Nazionale del'Umbria is museum mei in skilderijekolleksje yn it Palazzo dei Priori, met ûnder oaren de Polyptyk fan Sant'Antonio van Piero della Francesca.
- It Museo dell'Opera del Duomo (of Museo Capitolare di San Lorenzo) stiet njonken de domtsjerke en toant yn 25 romten fral religieuze keunst. Ien fan 'e bekendste wurken is it alterstik fan Sant'Onofrio fan Luca Signorelli út 1484.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Perugia is ek de stêd fan 'e Baci Perugina, lytse sûkelade-truffels mei hazzenút. De sûkeladefabryk waard yn 1907 oprjochte en is no wrâldferneamd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
