Springe nei ynhâld

Perth

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Perth (Austraalje))
Perth
Mei de klok mei fan boppe lofts: City Beach, oan de rivier Swan, St Georges Terrace by nacht, skyline fan Kings Park wei sjoen, Sorrento Beach en Parlemintsgebou
Mei de klok mei fan boppe lofts: City Beach, oan de rivier Swan, St Georges Terrace by nacht, skyline fan Kings Park wei sjoen, Sorrento Beach en Parlemintsgebou
Bestjoer
Lân Austraalje
Dielsteat West-Austraalje
Sifers
Ynwennertal 2.059.484↑(2018)
Oerflak 5.386 km²
Befolkingsticht. 320,8 / km²
Hichte 2 m
Oar
Stifting 12 juny 1829
Tiidsône AWST (UTC+8)
Koördinaten
Offisjele webside
Stêd Perth


Perth is de haadstêd fan de Australyske dielsteat West-Austraalje. It is in metropoal mei in protte rânestêden en -gemeenten. Perth self hie 1.554.769 ynwenners yn 2007. Perth leit oan de westkust fan Austraalje oan de Yndyske Oseaan, oan de mûning fan de rivier de Swan. De stêd wurdt rekkene ta de stêden yn de wrâld dêr't tige goed wenjen en wurkjen is.

De stêd leit fier fan oare befolkingsintrums ôf. It spoar, de Trans-Australian Railway, ferbynt Perth mei Adelaide, in grutte stêd dy't op in ôfstân fan 2800 kilometer it tichtst by leit.

De earste delsetting waard yn 1829 stifte troch kaptein James Stirling. It waard it bestjoersintrum fan Swanrivier Koloanje.

Yn Perth binne de fabriken fan twa Australyske automerken festige. Teffens hat Perth twa Australyske Football-teams.