Westlike hartemûs
| westlike hartemûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Peromyscus sonoriensis | ||||||||||||
| Le Conte, 1853 | ||||||||||||
| IUCN-status: net beoardiele
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De westlike hartemûs (wittenskiplike namme: Peromyscus sonoriensis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke is lânseigen yn 'e westlike dielen fan Noard-Amearika. Foarhinne waard de westlike hartemûs as in kloft ûndersoarten fan 'e eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus) beskôge, mar yn 2019 hat er erkenning krigen as in selsstannige soarte. De westlike hartemûs is in nachtdier mei in omnivoar dieet. De IUCN hat anno 2025 noch gjin klassifikaasje fan dit bistke.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De westlike hartemûs waard yn 1853 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch John Eatton Le Conte. Lang waard dit bistke betize mei de nau besibbe eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus). De beide soarten waarden klassifisearre as de 'hartemûs' (P. maniculatus), yn 'e mande mei de súdlike hartemûs (P. labecula), de noardwestlike hartemûs (P. keeni), de gambelhartemûs (P. gambelii) út Kalifornje en de Yukonhartemûs, in noch net wittenskiplik beskreaune soarte yn 'e Yukon (dy't soms foutyf oantsjut wurdt as P. arcticus).
Omreden fan oansjenlike morfologyske fariaasje tusken wat úteinlings selsstannige soarten blieken te wêzen, bestie der altyd al twifel oer dy yndieling. Mar hiel lang wiene ienfâldichwei de middels net foarhâns om te bewizen dat it hjir om in soartekompleks gie. Uteinlik waard yn 2005 op basis fan genetysk ûndersyk earst de noardwestlike hartemûs as in in selsstannige soarte ôfspjalten, yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren folge troch de oare nije soarten. Foar de westlike hartemûs kaam dy erkenning der yn 2019 op basis fan in ûndersyk troch Ira F. Greenbaum et al.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e westlike hartemûs beslacht de westlike helte fan Noard-Amearika. It rint fan 'e rivier de Mississippi, dy't de eastgrins fan 'e Amerikaanske steaten Arkansas, Missouri, Iowa en Minnesota foarmet, oant de kust fan 'e Stille Oseaan n Washington, Oregon en Noardlik Kalifornje, en fan 'e Winnipegmar yn Manitoba oant Vancouvereilân en it Pasifysk Kustberchtme yn it westen fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia.
De noardgrins fan it ferspriedingsgebiet folget in noardoan geande line fan 'e Athabascamar yn noardwestlik Saskatchewan fia de Grutte Slavemar en de Grutte Bearemar oant de Mackenziedelling yn it noardwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria, om dêrwei wer ôf te sakjen nei it suden fia it McKenzieberchtme en de súdeasthoeke fan it Yukonterritoarium.
Yn it suden ûntbrekt de westlike hartemûs yn it grutste part fan Kalifornje besuden de Baai fan San Francisco (hoewol't er wol foarkomt yn 'e Mojavewoastyn) en teffens yn in diel fan westlik Nevada. Yn dy kontreien libbet de nau besibbe gambelhartemûs (Peromyscus gambeli). Fierder nei it easten ta rint de súdgrins fan it ferspriedingsgebiet troch de súdlike dielen fan Arizona en Nij-Meksiko, mei in lyts hoekje fan Meksiko dat oan Arizona grinzget. Yn Teksas komt de westlike hartemûs ek noch foar yn 'e Teksaanske Panhandle en op it noardlike diel fan 'e Llano Estacado, yn it grutste diel fan it easten fan 'e steat en yn dielen fan 'e Golfkust fan Port Arthur oant Galveston en yn 'e omkriten fan Corpus Christi.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De westlike hartemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-10 sm, mei in sturtlingte fan sa'n 11½ sm en in gewicht fan 15-32 g. De pels is op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke en rêch) readbrún oant dûnkerbrún en op 'e ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poatsjes) wyt. Oer de siden, de wangen en de snút rint in skerpe demarkaasjeline tusken de beide kleurflakken, en itselde jildt foar de sydkanten fan 'e sturt. Westlike hartemûzen kinne op basis fan uterlik maklike betize wurde mei eksimplaren fan 'e nau besibbe eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus), dy't der frijwol itselde útsjocht, en teffens mei yndividuën fan in oare nau besibbe soarte, de wytpoatmûs (Peromyscus leucopus), dy't in sturt sûnder skerpe kleurflakskieding hat.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Westlike hartemûzen binne adaptive bistkes, dy't yn in ferskaat oan biotopen libje. Sa komme se foar yn sawol leafwâlden, mingde wâlden as nullewâlden, en teffens yn gebieten mei strewelleguod, yn steppe en woastyn en yn gerslân lykas de prêrjes en berchgreiden. Se kinne goed út 'e wei yn berchtmen en litte har troch houtkap en ûntbosking net ferjeie út gebieten dy't foarhinne beboske wiene mar no net mear. Yn eastlik Washington en yn Idaho wiene westlike hartemûzen by ûndersiken út 1960 en 1995 de iennichste kjifdieren dy't op 'e savanne fan ponderosadinnen (Pinus ponderosa) libben.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Westlike hartemûzen libje, útsein yn 'e peartiid, solitêr en binne nachts aktyf. De dei bringe se troch yn har nêst, dat ornaris makke is fan alderhanne plantaardich materiaal yn in beamholte of in ûndergrûnske hoale. Se fêstigje territoaria, wêrby't de territoaria fan bisten fan it tsjinstelde geslacht inoar oerlaapje, mar dy fan bisten fan itselde geslacht net.

Yn 'e waarmere dielen fan har ferspriedingsgebiet kinne westlike hartemûzen har it hiele jier rûn fuortplantsje, mar yn 'e kâldere dielen wurdt de peartiid troch itenskrapte by 't winter beheind ta de perioade fan maart oant en mei oktober. De westlike hartemûs is polygyn, wat sizze wol dat ien mantsje mei ferskate wyfkes pearet, mar ien wyfke mar mei ien mantsje. Nei in draachtiid fan 22–26 dagen smyt it wyfke in nêst fan 1–9 (mar ornaris 3–5) jongen. Dat docht se yn trochsneed 3–4 kear yn 't jier.
De mantsjes helpe by it grutbringen fan 'e jongen. Dy komme blyn, keal en helpleas te wrâld, en binne de earste wiken folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de âlden. Mei 14 dagen is de pels yngroeid en mei 13–19 dagen geane de eachjes iepen. Mei 18–24 dagen wurde de jongen ôfwûn. Se binne mei likernôch 40 dagen folwoeksen, en de wyfkes kinne fan 48 dagen ôf dielnimme oan it fuortplantingsproses. De maksimale libbensferwachting bedraacht foar westlike hartemûzen sa'n 4 jier.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De westlike hartemûs is in omnivoar, waans dieet lykwols foar it meastepart bestiet út plantaardich guod, lykas sieden, fruchten en blêden. Dat menu wurdt oanfolle mei beskate skimmels (almeast poddestuollen) en mei lyts wringeleas dierte, lykas ynsekten, rûpen, spinnen en oare lidpoatigen. Benammen winterdeis, as plantaardich fretten faak krap is, frette westlike hartemûzen mear lyts bistkeguod.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e westlike hartemûs binne slangen lykas de prêrjerattelslang (Crotalus viridis), de Grutte-Dobberattelslang (Crotalus lutosus), de westlike rattelslang (Crotalus oreganus) en de Teksaanske rattelslang (Crotalus atrox); ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata); en martereftigen lykas de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de langsturtwezeling (Neogale frenata), de Amerikaanske marter (Martes americana), de Pasifyske marter (Martes caurina), de fiskmarter (Pekania pennanti), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de wezeling (Mustela nivalis) en de sulverdas (Taxidea taxus).

Ek moatte westlike hartemûzen oppasse foar stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis), it eastlik bûnt stjonkdier (Spilogale putorius) en it westlik bûnt stjonkdier (Spilogale gracilis); hûneftigen lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes), de kitfoks (Vulpes velox), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis) en de grize foks (Urocyon cinereoargenteus); kateftigen lykas de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus); en oare lytse rôfdieren, lykas de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De westlike hartemûs is sa'n nije soarte dat der noch gjin beoardieling fan 'e IUCN beskikber is. Mar mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen, sjocht it der net nei út dat dit bistke yn syn fuortbestean bedrige wurdt. Krektoarsom: de westlike hartemûs wurdt soms sels as skealik ûngedierte beskôge, mei't er in drager wêze kin fan foar de minske gefaarlike sykten as it hantafirus.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is anno 2025 noch net dúdlik hoefolle ûndersoarten oft de westlike hartemûs hat, mei't de ôfspjalting fan 'e eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus) noch mar frij resint plakfûn hat. Beide soarten mei-inoar hawwe likernôch 45 ûnderskate ûndersoarten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

