Springe nei ynhâld

Súdlike hartemûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Peromyscus labecula)
súdlike hartemûs
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljewrotmûseftigen (Cricetidae)
skaaiwytpoatmûzen (Peromyscus)
soarte
Peromyscus labecula
Elliot, 1903
IUCN-status: net beoardiele
ferspriedingsgebiet

De súdlike hartemûs (wittenskiplike namme: Peromyscus labecula) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini) en it skaai fan 'e wytpoatmûzen (Peromyscus). Dit bistke is lânseigen yn Meksiko en de Feriene Steaten. Foarhinne waard de súdlike hartemûs as in kloft ûndersoarten fan 'e eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus) beskôge, mar yn 2019 hat er erkenning krigen as in selsstannige soarte. De súdlike hartemûs is in nachtdier mei in omnivoar dieet. De IUCN hat anno 2025 noch gjin klassifikaasje fan dit bistke.

De súdlike hartemûs waard yn 1903 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Daniel Giraud Elliot. Lang waard dit bistke betize mei de nau besibbe eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus). De beide soarten waarden klassifisearre as de 'hartemûs' (P. maniculatus), yn 'e mande mei de westlike hartemûs (P. sonoriensis), de noardwestlike hartemûs (P. keeni), de gambelhartemûs (P. gambelii) út Kalifornje en de Yukonhartemûs, in noch net wittenskiplik beskreaune soarte yn 'e Yukon (dy't soms foutyf oantsjut wurdt as P. arcticus). Yn 'e ienentweintichste iuw die út genetysk ûndersyk bliken dat it hjirby om in soartekompleks gie. De súdlike hartemûs krige yn 2019 erkenning as in selsstannige soarte op basis fan in ûndersyk troch Ira F. Greenbaum et al.

It ferspriedingsgebiet fan 'e súdlike hartemûs beslacht yn grutte halen it Heechlân fan Meksiko mei in útrinner nei de kust fan 'e Stille Oseaan by Kaap Corrientes. Dêropta hearre der yn 'e Feriene Steaten dielen fan súdlik Nij-Meksiko ta en fierders de súdeasthoeke fan Arizona, West-Teksas en it súdlike diel fan 'e Llano Estacado.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De súdlike hartemûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-10 sm, mei in sturtlingte fan sa'n 11½ sm en in gewicht fan 15-30 g. De pels is op 'e boppeste lichemsdielen (kop, nekke en rêch) readbrún oant dûnkerbrún en op 'e ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poatsjes) wyt. Oer de siden, de wangen, de snút en de sydkanten fan 'e sturt rint in skerpe demarkaasjeline tusken de beide kleurflakken.

Súdlike hartemûzen komme foar yn wâlden (sawol leaf- as nullewâlden), gerslân, steppe, woastyn en berchtmen. Se binne honkfêst en litte har troch ûntbosking net út har wâldgebieten ferjeie.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De súdlike hartemûs libbet solitêr, útsein yn 'e peartiid. It is in nachtdier dat de dei rêstend trochbringt yn syn nêst, dat er yn beamholten of ûndergrûnske hoalen oanleit fan plantaardich materiaal. De territoaria fan bisten fan it tsjinstelde geslacht oerlaapje inoar.

Súdlike hartemûzen hawwe gjin fêste peartiid; har fuortplanting fynt it jier rûn plak. Se hawwe in polygyne pearingsstrategy. De draachtiid duorret 22–26 dagen, wêrnei't it wyfke 1–9 (mar ornaris 3–5) jongen smyt. Dat docht se yn trochsneed 3–4 kear yn 't jier. De mantsjes helpe by it grutbringen fan 'e jongen.

De jongen komme blyn, keal en helpleas te wrâld, en binne de earste wiken folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de âlden. Mei 14 dagen is de pels yngroeid en mei 13–19 dagen geane de eachjes iepen. Mei 18–24 dagen wurde de jongen ôfwûn en mei likernôch 40 dagen binne se folwoeksen. Fan 48 dagen ôf binne de wyfkes geslachtsryp en kinne se dielnimme oan 'e fuortplanting. De maksimale libbensferwachting bedraacht foar súdlike hartemûzen sa'n 4 jier.

De súdlike hartemûs is in omnivoar, hoewol't er foar it meastepart sieden, fruchten en blêden fret. Dat dieet wurdt oanfolle mei poddestuollen en mei lyts wringeleas dierte, lykas ynsekten, rûpen, spinnen en oare lidpoatigen.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e súdlike hartemûs binne slangen lykas de swartsturtrattelslang (Crotalus molossus), de prêrjerattelslang (Crotalus viridis) en de Teksaanske rattelslang (Crotalus atrox); ûlen lykas de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata); en martereftigen lykas de langsturtwezeling (Neogale frenata) en de sulverdas (Taxidea taxus). Ek moatte súdlike hartemûzen oppasse foar stjonkdieren lykas it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis) en it westlik bûnt stjonkdier (Spilogale gracilis); hûneftigen lykas de prêrjewolf (Canis latrans), de grutearkitfoks (Vulpes macrotis) en de grize foks (Urocyon cinereoargenteus); kateftigen lykas de reade lynks (Lynx rufus) en de ferwyldere en nuete kat (Felis catus); en oare lytse rôfdieren, lykas de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus).

De súdlike hartemûs is sa'n nije soarte dat der noch gjin beoardieling fan 'e IUCN beskikber is. Mar mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen, sjocht it der net nei út dat dit bistke yn syn fuortbestean bedrige wurdt.

Der binne 3 (stân fan saken yn 2019) erkende ûndersoarten fan 'e súdlike hartemûs (Peromyscus labecula):

  • Peromyscus labecula blandus
  • Peromyscus labecula fulvus
  • Peromyscus labecula labecula (de nominaat)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.