Springe nei ynhâld

Wytpoatmûzen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Peromyscus)
wytpoatmûzen
In eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus).
In eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:mûzen en rotten (Muroidea)
famylje:wrotmûseftigen (Cricetidae)
(ynformeel):mûzen en rotten fan de
   Nije Wrâld
ûnderfamylje:Noardamerikaanske mûzen en
   rotten
(Neotominae)
tûke:hartemûzen (Reithrodontomyini)
skaai:wytpoatmûzen (Peromyscus)
Gloger, 1841

De wytpoatmûzen of echte hartemûzen (wittenskiplike namme: Peromyscus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) en de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini). Ta dit skaai hearre likernôch 75 soarten mûzen dy't foarkomme yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, mar fral machtich binne yn 'e kontinintale Feriene Steaten en Meksiko.

De wytpoatmûzen waarden as taksonomysk skaai yn 1841 yntrodusearre troch de Prusyske soölooch Constantin Wilhelm Lambert Gloger. De wittenskiplike namme Peromyscus komt fan it Gryksk foar "mûzen mei learzens oan", wat slacht op 'e ljochter kleure bealch en poaten fan 'e soarten fan dit skaai.

Fierdere beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de wytpoatmûzen net mear as út 'e fierte besibbe binne oan echte mûzen (lykas de hûsmûs), lykje se dêr tige op wat postuer en lichemsfoarm oangiet. Dat is it resultaat fan in proses fan konverginte evolúsje. De bekendste en meast rûnom foarkommende soarten yn Noard-Amearika binne de nau oaninoar besibbe eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus), westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis) en wytpoatmûs (Peromyscus leucopus).

De eastlike hartemûs, de westlike hartemûs, de súdlike hartemûs (Peromyscus labecula), de gambelhartemûs (Peromyscus gambelii) fan Kalifornje en in noch net wittenskiplik beskreaune soarte yn 'e Yukon waarden foarhinne as ien soarte sjoen, de hartemûs (Peromyscus maniculatus). Om't der gâns morfologyske ferskillen tusken de ûndersoarten bestiene, wiene der altyd al twifels oer oft dy yndieling wol hielendal kloppe. Yn 2017 die út genetysk ûndersyk bliken dat it yndie om in soartekompleks gie fan in stikmannich nau besibbe en sterk opinoar lykjende, mar dochs selsstannige soarten. Der binne resint (2010-er en 2020-er jierren) ek noch ferskate oare nije soarten yn dit skaai ûntdutsen, dy't foar it meastepart foarkomme yn Midden-Amearika.

Dragers fan sykten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wytpoatmûzen binne, fral yn 'e Súdwestlike Feriene Steaten, berucht wurden as dragers fan it besmetlike hantafirus, dat foar minsken deadlik wêze kin. In ûndersyk út 2008 yn Britsk-Kolumbia brocht oan it ljocht dat 30% fan 'e wytpoatmûzen seroposityf wiene foar de baktearje Borrelia burgdorferi, in fektor foar de sykte fan Lyme. Oare sykten dêr't wytpoatmûzen dragers fan wêze kinne, binne ehrlichioaze en Teksaanske kowekoarts (babesioaze). Ek SARS-CoV-2 (it koroanafirus) wurdt maklik oerdroegen mank wytpoatmûzen.

In protte universiteiten, laboratoaria en oare ûndersyksynstituten yn Noard-Amearika brûke wytpoatmûzen fan ferskate soarten as proefdieren. Se binne maklik yn finzenskip te hâlden en te fokken, hoewol't se wat dreger te hantearjen binne as de nuete mûs (Mus musculus) of de nuete rôt (Rattus norvegicus). Mar dat neidiel wurdt goedmakke trochdat se gaadliker binne om 'e fersprieding en bestriding fan boppeneamde sykten te ûndersykjen. Om't der gjin begjinnensein wêze soe om alle wylde wytpoatmûzen yn 'e Súdwestlike Feriene Steaten te faksinearjen tsjin it hantafirus, wurde wytpoatmûzen bygelyks brûkt foar ûndersyk nei de ûntwikkeling fan selsferspriedende ('besmetlike') faksins.

Om't der sa'n protte soarten wytpoatmûzen besteane, wurde it skaai almeast opdield yn in stikmannich ynformele kloften fan nau oaninoar besibbe soarten. It is lykwols mar de fraach oft dy kloften ek folslein oerienkomme mei formele ûnderskaaien. Yn 'e ûndersteande list binne ûndersoarten werjûn yn in lytsere font.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.