Springe nei ynhâld

Perm (stêd)

Ut Wikipedy
Perm (stêd)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Kraj Perm
federaal distrikt Wolga
Sifers
Ynwennertal 1.042.763 (2022)
Oerflak 799,68 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 1303,98 ynw./km²
Hichte 171 m
Oar
Stifting 1723
Tiidsône UTC+5
Koördinaten 58° 00' N 56° 14' E
Webside www.gorodperm.ru

Perm (Russysk: Пермь) is in stêd yn it easten fan Jeropeesk Ruslân, oan wjerskanten fan de rivier de Kama, justjes bewesten de Oeral, en sa'n 1150 kilometer noardeastlik fan Moskou. Perm is in wichtige yndustrystêd en binnenhaven en leit ek oan de Transsibearysk Spoarline. It is de haadstêd fan de kraj Perm.

Fan 1940 oant 1957 hjitte de stêd Molotov, nei de Sovjet-Russyske premier en minister fan Bûtenlânske Saken Vjatsjeslav Molotov.

Perm is sûnt 2012 wer de meast eastlike miljoenestêd fan Jeropa.

Stedsdielen (Rajony)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De bestjoerlike distrikten fan Perm
Rajon Russyske namme Nammejouwer Inwenners
1 jannewaris 2004
Inwenners
1 jannewaris 2009
Dzerzjinski Дзержинский район Feliks Dzerzjinski 152.500 149.559
Indûstrialny Индустриальный район Yndustrialisaasje fan de Sowjetuny 159.700 160.403
Kirovski Кировский район Sergej Kirov 123.105 125.338
Leninski Ленинский район Vladimir Lenin 56.400 50.670
Motovilitsjinski Мотовилихинский район Rivier Motovilitsja, sydrivier fan de Kama 176.000 179.117
Ordzjonikidsevski Орджоникидзевский район Grigori Ordzjonikidze 111.300 112.274
Sverdlovski Свердловский район Jakov Sverdlov 212.600 210.666

De yndustry is fierwei de grutste ekonomyske sektor fan de stêd en is goed foar likernôch de helte fan de totale produksje fan de kraj. De wichtichste takken fan de yndustry binne masinebou, metaalbewurking, gemy, ierdoalje en gas, houtbewurking en fiedselproduksje. De masinebou nimt 43,7% fan de brutoproduksje fan de stêd foar syn rekkeng; branjeproduksje soarget foar 13,7% en 12,8% wurdt troch de gemyske yndustry levere.

Yn Perm wurde ûnder oaren strielmotors, tillefoans, motorseagen, muzykynstruminten, boumaterialen en yndustriële apparatuer makke. In grut part fan de yndustry produsearret foar definsje.

De omset fan de detailhannel wie yn 2004 omrekkene goed 2200 miljoen euro, 13% mear as it jier dêrfoar.

Underwiis en wittenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Perm is it wittenskiplik sintrum fan de regio dêr't in grut tal ûndersyksynstituten fan de Russyske Akademy fan Wittenskippen (ôfdieling Oeral) húsmanje. De stêd hat sân ynstellings foar heger ûnderwiis, dêr't de Steatsuniversiteit Perm, oprjochte yn 1916, de wichtichste is. De grutste universiteit fan Perm is lykwols de Technyske Universiteit, dy't sa'n 11.000 studinten hat. Teffens hat de stêd in farmaseutyske akademy, in medyske akademy en in lânbouhegeskoalle.

Opera- en balletteäter

De stêd hat ferskate teäters, dêr't in ferneamd poppeteäter, een dramateäter, in filharmony en in opera- en balletteäter by binne. De dûnsskoalle is oan it Permske balletselskip ferbûn en lûkt dûnsers út hiel Ruslân. Fierder hat de stêd in sirkus mei ûngefear 2000 plakken, in planetarium en in bistetún.

It ferneamdste museum fan Perm is de Nasjonale Galery, oprjochte yn 1922 en yn in 14e iuwske eardere tsjerke ûnderbrocht. De samling bestiet út weardefolle houtskulpturen, ien fan de grutste samlingen ikoanen fan Ruslân (de Stroganov-kolleksje) en Russyske en West-Jeropeeske skilderkeunst. It hiemkundich museum hat 360.000 objekten út de skiednis fan Perm, fral oarkonden út de 16e en 17e iuw.