Perûviaanske pilekaan
| Perûviaanske pilekaan | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pelecanus thagus | ||||||||||||
| Molina, 1782 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De Perûviaanske pilekaan (Pelecanus thagus) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae). Earder waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e brune pilekaan beskôge.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Perûviaanske pilekaan is grutter as de brune pilekaan en wurdt 137 oant 152 sm lang en weaget likernôch 5 oant 7 kilogram. De spanwiidte fan 'e soarte is 2,28 m.
De fûgels binne donker en se ha in wite streek fan 'e boppekant fan 'e snaffel oant de kroan en dan by beide kanten fan hals lâns. Se ha lange pluzige fearren op 'e boppekant fan 'e kop. Yn ferlikening mei de brune pilekaan hat er ek folle langere túffearren, ferskillen yn 'e kleuren fan kielsek en snaffel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar oan 'e kusten fan súdlik Ekwador oant súdlik Sily en hâlden harren op by opwâlingen fan kâlt wetter fan 'e Humboldtstream.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Perûviaanske pilekanen ite ferskillende soarten fisk. Oars as de brune pelikaan dûke se nea fan in grutte hichte om fisk te fangen, mar dûke se fan in ûndjippe hichte of ite se wylst se swimmend op it wetter. Somtiden ite se ek nêsten leech fan ielreagers en oare seefûgels. Ek frette se jongen fan oare fûgels fan 'e eigen soarte.

De fûgels briede meast fan septimber oant maart en in lechsel bestiet út twa of trije aaien. De aaien wurde yn sawat 4 oant 5 wiken útbret en dêrnei fersoargje de âlders de jongen likernôch 3 moannen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch oerbefisking op ansjofisk rekke de soarte yn it neigean om 't der te min proaien wienen. Ek El Niño feroarsaket swierrichheden foar de fûgels mei't der minder fisk is en de pilekanen harren briedplakken ferlitte, itjinge it massaal stjerren fan jonge fûgels betsjut. De fûgel waard yn 2023 slim troffen troch it tige besmetlike en dealike H5N1, in fariant fan 'e fûgelpest. Mear as 40% fan 'e Perûaanske pilekanen ferstoaren oan dat firus.[1] De meast resinte populaasjerûzing giet fan in oantal folwoeksen fûgels fan 100.000 oant 1.000.000 út. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as hast bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

