Springe nei ynhâld

Perûviaanske miuw

Ut Wikipedy
Perûviaanske miuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus belcheri
Cassin, 1852
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast

De Perûviaanske miuw (Larus belcheri) is in Súd-Amerikaanske fûgel yn 'e famylje miuwen (Larusidae). De fûgel wurdt oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan tusken Ekwador oant Sily oantroffen. De soarte is seldsum, mar de populaasje wurdt beskôge as net bedrige.

Winterkleed.

De Perûviaanske miuw is in middelgrutte miuw (49 sintimeter lang) mei in swarte mantel, wite kop en ûnderkant, in swarte bân op 'e fierder wite sturt en in giele snaffel mei in readswarte punt. Bûten it briedseizoen hat er in brúnswarte kop en in wite eachring. De poaten binne giel en it each is swart. De wittenskiplike namme fan 'e fûgel betinkt de Britske ûntdekkingsreizger Sir Edward Belcher, dy't ûndersyk die oan 'e Súd-Amerikaanske Stille Oseaankust.

De Perûviaanske miuw libbet yn 'e Humboldtstream yn Perû en Sily en komt ek foar yn Ekwador. De fûgel waard earder as deselde soarte behannele as de Argentynske miuw (Larus atlanticus), dy't oan 'e Atlantyske kust fan Súd-Amearika briedt. Se wurde lykwols no troch alle liedende taksonomyske autoriteiten fan 'e wrâld as aparte soarten beskôge. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Jonge fûgel.

De wrâldpopulaasje fan 'e Perûviaanske miuw wurdt op lytser as 10.000 fûgels rûsd, mar om't de soarte yn oantal troch minder predaasje tanimt en it ferspriedingsgebiet relatyf grut is, wurdt de fûgel net as bedrige beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: