Perûviaansk grûndoke
| Perûviaansk grûndoke | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columbina cruziana | ||||||||||||
| Prévost, 1842 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It Perûviaansk grûndoke (Columbina cruziana) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Perûviaanske grûndokes binne lytse, 15 sm lange dokes. De kop fan it folwoeksen mantsje is blaugriis en syn boppedielen binne brúngriis. De sintrale sturtfearren binne donkerder griis en de bûtenste swart mei wite punten. De sletten wjuk hat in wynread balkje en donkere plakjes. It boarst en de ûnderkant binne rôzich. It each is read mei in wite bûtenring en wurdt omjûn troch bleate giele hûd. Syn frij lange snaffel is by de basis heldergiel. De kop fan it folwoeksen wyfke is brún en de wjukmarkearingen binne minder sterk as dy fan it mantsje. Jonge fûgels binne fergelykber mei it wyfke, mar har fearren hawwe dof gielbrune punten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar fan noardlik Ekwador oant noardlik Sily.
De soarte libbet yn leechlân, dêr't se yn parken, stêden, op boerelân en healiepen gebieten sjoen wurde. Se libje yn groepkes en en ite op grûn, mar binne faak op elektrisiteitstriedden te sjen.
Perûviaanske grûndokes foarmje in monotypyske soarte, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) beskôge. De populaasje wurdt grutter om't de fûgel him maklik oanpast oan in omjouwing dy't troch minsken feroare is.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
