Pepsi

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pepsi-Cola)
Pepsi
Pepsi logo sûnt 2023
Pepsi logo sûnt 2023
Lân fan oarsprong Feriene Steaten
Regio fan oarsprong Noard-Karolina
Type Kola
Fabrikant PepsiCo
Distribiteur Vrumona
Op de markt brocht 1893 as Brad's Drink
Kleur karamel
Farianten Pepsi,
Pepsi Light,
Pepsi MAX,
Pepsi MAX Lemon,
Pepsi MAX Cherry
webside pepsi.nl
pepsi.com

Pepsi is in koalsoerhâldende frisdrank dy 't troch PepsiCo makke wurdt. It is de belangrykste konkurrint fan Coca-Cola yn de frisdrankemerk. In earder brûkte merknamme en in eardere namme fan it bedriuw wie Pepsi-Cola, en faak wurdt Pepsi noch sa neamd, mar anno 2022 neamt it bedriuw gewoane Pepsi net mear sa, op syn heechst Pepsi kola (mei kola as soartnamme).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pepsi-Cola waard yn it begjin fan de jierren 1890-1899 yn New Bern (Noard-Karolina) ûntwikkele troch apoteker Caleb Bradham en waard oarspronklik "Brad's Drink" neamd, nei de efternamme fan de makker. It waard makke fan sprankeljend wetter, sûker, fanylje, seldsume oaljes, pepsine en kolanaten. Omdat Pepsi ynearsten bedoeld wie om pine yn'e búk te genêzen, neamde Bradham it drankje Pepsi, ôflaat fan de oandwaning Dyspepsie. De namme waard in hannelsmerk op 16 juny 1903.

Caleb Bradham hie lykas in soad oare apotekers om de iuwwiksel hinne in sodamachine yn syn apoteek, dêr 't er syn klanten de dranken priuwe liet dy 't er sels kreëarre. Dit is dan ek it plak dêr't Pepsi foar it earst skonken waard.

Nei santjin jier sukses joech Caleb Bradham der de brui oan. Hy leaude dat de sûkerprizen omheech gean soene en gokte op de frachtmerk. Prizen fan de sûker sakken lykwols en Pepsi-Cola gie fallyt yn 1923. Yn 1931 waard it bedriuw oankocht troch de firma Loft Candy Company. De direkteur fan dat bedriuw, Charles G. Guth, stelde letter de populêre frisdrank op 'e nij gear.

Pepsi berikte sukses troch syn drank yn werbrûkte bierflessen te ferkeapjen, wêrtroch 't it bedriuw gruttere flessen ferkeapje koe tsjin legere kosten as Coca-Cola. Pepsi waard sa as frisdrank fan de legere klasse sjoen. Yn 'e fyftiger jierren smiet Pepsi alles yn 'e striid om syn imago te ferbetterjen. It bedriuw kocht in soad telefyzjeadvertinsjes en begûn mei syn lange tradysje fan it ynhieren fan ferneamde minsken om syn produkt oan te priizgjen. Pepsi groeide en waard in rivaal fan Coca-Cola.

Yn de njoggentiger jierren rjochte Pepsi him hieltyd mear op de jongerein, net yn it minste plak mei syn reklamekampanje GeneratioNEXT. Yn ynternasjonale reklamekampanjes makken ûnder oaren David Beckham en popstjerren as Britney Spears, en Jennifer Lopez reklame foar it drankje.

Foar de Nederlânske merk wurdt Pepsi sûnt 1950 yn lisinsje produsearre troch Vrumona. Lykas Coca-Cola wurdt de smaak fan Pepsi-Cola oanpast oan it gebiet dêr 't it ferkocht wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL