Springe nei ynhâld

Penguin Group

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Penguin China)
Penguin Group
algemien
hist. namme Penguin Books
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1935
oprjochter Allen Lane
eigner Pearson PLC
mem Penguin Random House
dochters sjoch ûnder difyzjes en ymprints
offisjele webside
www.penguingroup.com

De Penguin Group is ien fan 'e grutste en meast foaroansteande Britske útjouwerijen, dy't bestiet sûnt 1935. It haadkertier is fêstige yn it Londenske Westminster. It bedriuw is eigendom fan it útjouwersconcern Pearson PLC, en makket sûnt 2013 ûnderdiel út fan Penguin Random House, in joint venture fan Pearson en it Dútske Bertelsmann AG.

Penguin (de namme betsjut "pinguin", dêrfandinne it logo) sette yn 1935 as bedriuw útein, doe't it ûnder de namme Penguin Books oprjochte waard troch de Britske útjouwer Allen Lane. Yn 1970 waard de útjouwerij oernommen troch Pearson PLC. Yn 1996 ûntstie de hjoeddeiske Amerikaanske difyzje troch de fúzje tusken it oarspronklike Penguin Books USA en G.P. Putnam's Sons. Yn 2003 waard Penguin Books omneamd ta de Penguin Group, dêr't alle Penguin-bedriuwen by ûnderbrocht waarden. Penguin Books is sûnt de namme fan 'e Britske difyzje. De ûnderskate Penguin-difyzjes brûke withoefolle ymprints, wêrfan't de measten foarhinne selsstannige útjouwerijen wiene.

Yn 2012 sleat Pearson PLC in oerienkomst mei syn Dútske konkurrint Bertelsmann AG. Dêrby waard fêstlein dat de Penguin Group in joint venture oangean soe mei de Amerikaanske útjouwerij Random House, in difyzje fan Bertelsmann. De útfiering fan dat kontrakt krige yn 2013 syn beslach, en it nije bedriuw kaam Penguin Random House te hjitten. Mei't sawol de Penguin Group as Random House al ta de seis grutste útjouwerijen fan 'e Ingelsktalige wrâld hearden, is Penguin Random House in abslute reus yn útjouwerslân. Pearson hat in belang fan 47% yn it bedriuw, wylst de oare 53% yn it besit fan Bertelsmann is.

Difyzjes en ymprints

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Penguin Group hat autonoom operearjende difyzjes yn 9 lannen:

Dêrnjonken beslacht de Penguin Group de folgjende ymprints:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.