Pelmûne fan Jemgum
| Pelmûne fan Jemgum | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| lânkring | ||
| plak | Jemgum | |
| adres | Kreuzstraße 2 | |
| koördinaten | 53°15' N 7°23' E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| funksje | pelmûne | |
| boujier | 1756 | |
| Webside | ||
| muehlenverein-jemgum.de | ||
| Kaart | ||
De Pelmûne fan Jemgum is in stellingmûne yn it Eastfryske plak Ditzum, Nedersaksen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bou en eigendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1756 boude Geerd Kreling de bakstiennen mûne as in stellingmûne mei in reiten tek en houten wjukken. Op 'e gevelstien ta oantins fan 'e bou stiet Geerd Kreling, Dedde Kleens 1756. Om't yn 'e rin fan 'e tiid de omlizzende bebouwing de wyn beheinde, frege de mûnder tastimming om de mûne te ferheegjen.
Yn 1829 ferkocht it neiteam fan Kreling de mûne oan Temmo Dreesmann en dy syn soan bleau oant 1869 op 'e mûne. Yn 1872 waard de mûne oankocht troch Diedrich Athen en dy liet de houten as ferfange troch ien fan jitizer. De famylje Athen ferkocht de mûne yn 1855 oan Knut Hetzke, en dy famylje besit de mûne noch jimmeroan.
Restauraasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wjukken en de wynroas fan 'e mûne rekken by in blikemynslach yn 1957 skansearre. Yn 1963 krige de mûne in nije stellling en waard it reiten tek fernijd. Tusken 1974 en 1979 folge de fernijing fan 'e wjukken, kape en wynroas.
De Mühlenverein Jemgum e.V. waard yn 1995 oprjochte. De feriening set him yn foar it behâld fan 'e mûne en liet yn it oprjochtingsjier fuort in nij reiten dek op it achtkant oanbringe. In pear jier letter rjochte de feriening it eardere motorhûs yn as kafee. De mûne ûndergie yn 2004 in grutte restauraasje en wurdt hjoed-de-dei ek brûkt as troulokaasje.
Fan in nôtmûne oan 'e Deichstraße 15 yn Jemgum bleau allinnich de stiennen ûnderbou bewarre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
