Lytse pilekaan
| Lytse pilekaan | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pelecanus rufescens | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Rûch ferspriedingsgebiet fan 'e lytse pilekaan. |
De lytse pilekaan (Pelecanus rufescens) of de readrêchpilekaan is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is 125 oant 132 sm lang en weaget 3,9 oant 7 kg en is dêrmei in relatyf lytse pilekaan. De snaffel is 29 oant 38 sm lang en de spanwiidte is 2,16 oant 2,90 meter. De fearren fan 'e lytse pilekaan binne griis mei wat wyt en hy hat in rôze-reade rêch. De snaffelpunt is giel en de kielsek meastentiids griis. Folwoeksen fûgels yn brieddracht ha lange fearren op 'e krún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt lokaal yn Afrika ûnder de Sahara en yn it suden fan it Arabyske Skiereilân foar. It is benammen in stânfûgel, mar migrearret ôfhinklik fan 'e beskikberens fan wetter. Lokaal yn Súd-Afrika is de fûgel nomadysk en de populaasje yn West-Afrika migrearret yn 'e reintiid nei it noarden nei de sub-Saharaanske steppes, dy't dan splis steane. Op Madagaskar is de fûgel útstoarn.
Bûten it ferspriedingsgebiet wurde de fûgels út en troch waarnommen yn oare dielen fan it Midden-Easten lykas Turkije, Libanon, Israel, Koeweit, Oman en Jordaanje. Yn Europa wurdt oannommen dat de waarnimmingen yn Spanje faak wylde fûgels binne, wylst dy yn Dútslân, Eastenryk, Frankryk, Portegal, Nederlân en Poalen as mooglik ûntsnapte fûgels beskôge wurde.
De lytse pilekaan libbet yn in ferskaat oan wetterhabitats, fral yn kalm en ûndjip wetter mei fegetaasje. Hy hat in foarkar foar in swietwetterhabitat lykas marren, sompen, stadich streamende rivieren, mar kin ek foarkomme op splis lân of op fivers. Somtiden wurdt er ek yn sâlte marren en lagunes of sels oan 'e kust yn baaien waarnommen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Se briede en rêste faak yn koloanjes yn beammen fan mangroves, mar rêste ek op sâneilannen, rotsen, riffen en yn dunen. Om't de beammen dêr se briede faak stjerre as der langer yn bret wurdt, ferhûzje de koloanjes lokaal. It nêst is lyts en makke fan tûkjes op likernôch 10 oant 50 m boppe de grûn. Yn in beam sitte meardere nêsten somtiden tige ticht op inoar en in nêst wurdt faak meardere jierren brûkt.
Hy fret hast allinnich fisk.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en wurdt as net bedrige beskôge. Op basis fan dizze kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. De populaasje wurdt op 33.300 oant 66.700 folwoeksen fûgels rûsd (2023).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Pilekaan
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe

