Australyske pilekaan
| Australyske pilekaan | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pelecanus conspicillatus | ||||||||||||
| Temminck, 1824 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Australyske pilekaan (Pelecanus conspicillatus) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae). De fûgel briedt yn Austraalje, op Nij-Guineä en de Salomonseilannen en migrearret somtiden oant sels Fidzjy.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Australyske pilekaan is de grutste fleanende fûgel fan Austraalje. De spanwiidte fan dizze soarte fariearret fan 2,5 oant 3,4 meter. It gewicht is fan 5 oant 6,8 kg (it registrearre rekord is 8,2 kg); de lichemslingte is 1,6 oant 1,9 meter; de snaffellingte is 40–50 sm; de soarte stiet yn it Guinness Book of Records as de fûgel mei de langste snaffel yn 'e fûgelwrâld.
It fearrekleed is fral wyt mei meast swart op 'e wjukken. Fierder is der op 'e stút in swart gebiet yn in V-foarm en ek de einen fan 'e sturtfearren binne swart. De tige grutte snaffel is blaugriis en bleek rôze en de poaten binne donkergriis. Net-briedende fûgels ha in ljochtgiele snaffel en eachring en in ljochtrôze kielsek. Fan jonge fûgels is it swart brún mei minder wyt op 'e wjukken. It fearrekleed tusken mantsjes en wyfkes is itselde, wyfkes binne yn 'e regel wat lytser en se ha in minder lange snaffel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt yn Austraalje, op Nij-Guineä, de Salomonseilannen en East-Timor. As in foar in part migrearjende fûgel wurdt er as dwaalgast ek op Fidzjy, Naurû, Nij-Kaledoanje, Nij-Seelân, Palau en Fanûatû waarnommen.
De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat it der gjin ûnderferdieling is yn ûndersoarten.
Australyske pilekanen ha in foarkar foar gebieten mei grut iepen fiskryk wetter sûnder tichte begroeiïng.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fisk is de wichtichste fiedselboarne. Pelikanen fiskje meastentiids tegearre yn groepen.
It nêskjen bart yn koloanjes, wêrby't it mantsje en wyfke om bar de aaien útbriede. Se bringe ek beide de jongen grut. It nêst wurdt op 'e grûn boud en is makke fan stokken en planten. De twa oant fjouwer grutte wite aaien wurde yn 32 oant 35 dagen útbret en de jongen fleane nei sawat 14 wiken út.
Yn guon gebieten wurde pilekanen tige nuet en kinne se sels by minsken om fretten skoaie, mar se binne frij gefoelich foar minsklike oanwêzigens by it brieden. Australyske pilekanen kinne harren maklik oanpasse oan keunstmjittich wetteroerflak, lykas opslachmarren, salang as it farren dêr mar net te drok wurdt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as kwetsber (Least Concern, 2024. In rûzing fan 2023 skat de populaasje op 46.700 oant 200.000 folwoeksen fûgels.

| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

