Grutsnaffeliisfûgel
| Grutsnaffeliisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pelargopsis melanorhyncha | ||||||||||||
| Temminck, 18261 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De grutsnaffeliisfûgel (Pelargopsis melanorhyncha) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Besrkiuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Folwoeksen grutsnaffeliisfûgels wurde 35 sm lang. Wyfkes binne wat swierder útfierd as mantsjes; der binne gjin ferskillen yn it fearrekleed. Se ha in krêmkleurige kop, hals, kiel, boarst, búk en rêch. Allinne it gesicht en de eachstreek binne griisswart. De wjukken en sturtfearren binne donkerbrún en bytiden ljochtblau glânzgjend. De foarse saffel is swart, de iris donkerbrún en de poaten donker readbrún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op Selebes en oanbuorjende eilannen. Hy bewennet mangrovebosken, tropysk bosk, sompen en beboske riviermûningen oant 600 m. Yn it Bogani Nani Wartabone Nationalpark komt de soarte oant 980 m foar.
Der wurde trije ûndersoarten erkend:
- P. m. melanorhyncha: Selebes.
- P. m. dichrorhyncha: Banggai-eilanden (eastlik fan Selebes).
- P. m. eutreptorhyncha: Sûla-eilannen (eastlik fan 'e Banggai-eilannen).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne gjin rûzings fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de soarte is net seldsum en lokaal algemien. Troch it ferlies fan biotoop nimme de oantallen fan 'e fûgel lykwols ôf. De fûgel wurdt op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
