Pelagyske sône

De pelagyske sône is de ekologyske sône fan 'e iepen see, besteande út in tinkbyldige wetterkolom dy't rint fan 'e seespegel ôf oan 'e seeboaiem ta. It wurd 'pelagysk' komt fan it Latynske pelagicus, dat "fan 'e see" betsjut en tebek giet op it Grykske πελάγικός, pelagikos, mei deselde betsjutting, úteinlik weromgeand op πέλαγος, pelagos, dat "iepen see" betsjut. De pelagyske sône kontrastearret mei de littorale sône, dy't in stripe see by de kust lâns beslacht. De pelagyske sône wurdt yndield yn ekologysk ferskillende subsônes. It wichtichste ferskil tusken de ûnderskate subsônes is de djipte, mei't der troch de oanboazjende djipte hieltyd minder sinneljocht yn it wetter trochkringt, sadat it almar tsjusterder en kâlder wurdt.
Subsônes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De epipelagyske sône of foatyske sône rikt fan 'e wetterspegel oant 200 m djipte. It is in ûndjippe sône dêr't genôch sinneljocht trochkringt foar fotosynteze. Plantaardich en dierlik libben is benammentlik beheind ta dizze sône. Foarbylden binne bienfiskeftigen lykas hjerring, kabbeljau, makriel en tonyn, kreakbienfisken lykas haaien en roggen, seesûchdieren lykas walfisken en dolfinen, netteldieren lykas kwabben, en planten lykas sargassum en fytoplankton.
De mesopelagyske sône, ek wol bekend as de "skimersône", rint fan 200 m djipte oant 1.000 m djipte. Hoewol't dêr noch wol wat ljocht trochkringt, is dat net genôch foar fotosynteze. Yn dizze sône libje û.m. fisken lykas swurdfisken, draakfisken en seewolven, en weakdieren lykas inketfisken.
De batypelagyske sône of batyale sône rint fan 1.000 m oant 4.000 m djipte. Yn dy sône is de oseaan frijwol folslein tsjuster, mei útsûndering fan bioluminesinte organismen lykas lantearnefisken. Planten komme dêr alhiel net mear foar. De measte bisten libje fan 'e saneamde seesnie: detritus (resten of ôffal) dat troch de wurking fan 'e swiertekrêft út 'e boppelizzende sônes delkomt. Guon, lykas de djipseebilefisken, binne rôffisken dy't oare fisken út dizze sône opfrette. Op dizze djipte libbet ek de reuze-inketfisk (Architeutis dux), dy't sa'n 13 m lang wurde kin en bejage wurde troch nei grutte djipte dûkende potfisken.
De abyssopelagyske sône of abyssale sône rint fan 4.000 m oant 6.000 m djipte. Dat betsjut normaal sprutsen: oant de oseaanboaiem. Op dy djipte kringt gjin inkeld ljocht mear troch, sadat it der folslein tsjuster is. De organismen dy't der libje, binne dêrom foar it meastepart kleurleas en blyn.
De hadopelagyske sône of hadale sône beslacht alles ûnder de 6.000 m djipte. Dêrby giet it benammen om oseänyske trôgen, dy't yn it gefal fan 'e Marianentrôch yn it westen fan 'e Stille Oseaan oant 10.924 m djipte ta rikke. Oer dy sône is frijwol neat bekend. It tinken is dat der yn it iepen wetter op dy djipte net folle libben foarkomme kin. Op plakken dêr't op 'e oseaanboaiem hydrotermale boarnen yn it djipseewetter útkomme, is mear fauna te finen, mar dat jildt krekt-en-gelyk foar oare sônes.
De batypelagyske, abyssopelagyske en hadepelagyske sônes wurde yn 'e marine biology faak beslein ûnder de oerkoepeljende term "djipsee".
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
