Springe nei ynhâld

Peerke Donders

Ut Wikipedy
Skilderij fan Peerke Donders by de melaatsen yn Batavia fan Albin Windhausen (1863–1946).

Petrus Norbertus Donders of Peerke Donders (berne op 27 oktober 1809 yn Tilburch en ferstoarn yn Batavia (Suriname) op 14 jannewaris 1887) wie in katolike preester en wurke as misjonaris yn Suriname. Hy stiet bekend as de 'apostel fan 'e Yndianen en Melaatsen' en waard yn 1982 troch paus Jehannes Paulus II sillich ferklearre.

Bertehûs Peerke Donders

Petrus Donders wie de âldste soan fan 'e ienfâldige hûswever Arnold Donders en Petronella van den Brekel en hie in broerke mei de namme Martinus. Doe't er sân wie, ferstoar syn mem. Sûnt syn tolfte siet Donders ek efter it weeftouw, earst thús en letter yn 'e tekstylfabryk fan 'e fabrikant Janssens. Doe't er fjirtjin wie krige Petrus it foarmsel tatsjinne. Syn dream wie om preester te wurden, mar syn heit hie de sinten net en stjoer him nei it seminaarje. Nei't Petrus yn 1831 ûntgeskikt wie om yn tsjinst te gean, holp de pastoar fan 'e Goirkeske tsjerke him en mocht er tsjintfeint wurde op it lytsseminaarje fan Beekvliet yn Sint-Michielsgestel. Fanwegen syn frommens waard Petrus letter dochs talitten op it seminaarje. Wilens syn fierdere stúdzje oan it grutseminaarje yn Haaren kaam biskop Grooff út Suriname op besite. Hy socht om prysters foar de missy yn Suriname. Donders wie de ienige dy't him opjoech.

Op 5 juny 1841 waard Petrus Doners yn Oegstgeest al ier ta pryster wijd en yn 1842 stapte er op 'e boat om as misjonaris nei Suriname te gean, dêr't er kapelaan waard yn Paramaribo. Hy tsjinne dêr ûnder fjouwer opienfolgjende biskoppen fan Paramaribo. Yn 1856 waard er oerbrocht nei de missypost Batavia, in melaatsekoloanje dy't stifte wie op in eardere kakaoplantaazje oan 'e Coppenamerivier. Nei't de missy yn Suriname yn 1865 oan 'e redemptoristen tabetroud waard, sletten Petrus Donders en de iennige oare oerbleaune preester harren oan by de kongregaasje. Sûnt gie Petrus Donders ek mei de boat de oerwâlden yn om de lânseigen befolking te bekearen.

Yn 1882 waard er weromroppen nei Paramaribo. Dêrnei wurke er twa jier fanút Mary's Hope yn it missygebiet fan Coronie. Yn oktober 1885 waard Petrus Donders wer nei Batavia stjoerd. Dêr krige er op 1 jannewaris 1887 in nierynfeksje, dêr't er op 14 jannewaris oan ferstoar.

Petrus Donders wie 77 jier âld en waard dêr begroeven.

Grêf fan Peerke Donders yn 'e katedraal fan Parimaribo.

Petrus Donders waard oarspronklik op it tsjerkhôf fan 'e melaatsekoloanje begroeven, mar yn 1900 ferhûzen syn resten nei in plak efter de Sint-Petrus- en Paulustsjerke (hjoed-de-dei de katedraal) yn Paramaribo. Yn 1921 ferhûzen syn reliken wer en no nei in grêfmonumint yn it lofter skip fan 'e tsjerke. Yn 2010 waard it grêf folslein renovearre yn it ramt fan 'e restauraasje fan 'e katedraal.

De yn 1923 boude kapel njonken it bertehûs fan Peerke Donders yn it Peerke Donderspark.

De redemptoristen kochten yn 1902 it lân op oan 'e Heikant (Tilburch-Noard), dêr't it bertehûs fan Petrus Donders stie, dat lykwols doe al ôfbrutsen wie. Lokale bewenners besochten doe it plak al, om't de minsken leauwden dat it wetter fan 'e put mirakuleus wetter hie. Op dat stuit wie der noch gjin echte ferearing fan Donders. Yn 1923 setten de redemptoristen in betinkingsmonumint by it berteplak fan Donders, se bouden in kapel en leinen in prosesjepark oan. Yn 1926 waarden dêr libbensgrutte staasjes fan 'e krúswei tafoege en waard yn it Wilhelminapark fan Tilburch in stânbyld fan Petrus Donders oprjochte. Yn 1931 waard it bertehûs fan Donders rekonstruearre. In twadde Peerke Donders-monumint waard yn 1933 by it hûs oprjochte.

De ferearing fan Peerke Donders yn 'e foarm fan organsearre beafearten en it alle wiken organisearjen fan in smeekoere yn 'e kapel naam fral nei 1944 in hege flecht, doe 't Tilburch op 'e bertedei fan Petrus Donders (27 oktober) befrijd waard fan 'e Dútske besetting. Tsjin de ein fan 'e jierren 1960 naam it oantal dielnimmers fan 'e beafearten ôf, al bleau de smeekoere wol goed besocht.

Museum fan Neisteleafde.

Nei it sillichsprekken fan Petrus Donders yn 1982 bloeide de belangstelling foar him en it beafeartsplak wer op. Yn 'e 21e iuw binne de aktiviteiten fan it prosesjepark foars tanommen. Nei't yn 2001 in pylgerplak yn Suriname foltôge waard, krige it pylgerplak yn Tilburg yn 2009 yn it ramt fan it 200e bertejier fan Donders in Museum foar Neisteleafde. Ek waard doe in dokumintêre oer Peerke Donders mei de titel Peerke Donders; Zijn leven, zijn brieven (2009) útbrocht en ek it oanbod fan devosjonalia groeide. De wat yn it neigean rekke Peerkeferearing krige in sintrale posysje yn it kulturele erfgoed fan Tilburch. De misjonaris wurdt hieltyd mear it ûnderwerp fan marketing en stedspromoasje.

Yn 2017 waard in glossy tydskrift oan him wijd en krige Peerke de titel 'bekendste Tilburger aller tijden'. Mei troch dy ûntjouwings rekke de misjonaris yn 2018 belutsen by it nasjonale debat oer kolonialisme en rasisme - mear spesifyk syn stânbyld yn it Wilhelminapark. By it missywurk fan Donders en syn konfrater waarden ek net-kristlike hillichdommen fernield. In soad minsken sjogge hjoed-de-dei wat oars nei de missy yn it algemien en dus it wurk fan Petrus Doners as eartiids.

Sillichferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De redemptoristen, dy't yn 1865 de Surinaamske missy fan Rome tawiisd krigen, leveren mei de (Tilburchske) roomske dei- en wykblêden in wichtige bydrage oan in aktive ferearingskultuer om Petrus Donders hinne. De Nederlânske tûke fan 'e oarder hie gjin oansprekkende hillige yn har eigen rûne, wat in neidiel wie by it rekrutearjen fan jonge minsken foar de missy. De earste formele stappen rjochting hillichferklearring waarden sûnt 1900 nommen troch de biskoppen fan De Bosk en Paramaribo. Donders koe al in 'Tsjinner fan God' neamd wurde. Yn 1913 waard hy troch paus Pius X ta "earbiedweardich" ferklearre. Yn 1914, 1915 en 1919 waarden apostoalyske prosessen útfierd foar de sillichferklearring fan Donders. In foardroegen 'wûnderbaarlike' genêzing yn 1929 fan 'e soan fan 'e Tilburchske slachter Lowieke Westland waard lykwols twa kear ôfwiisd troch de medyske kommisje fan it Fatikaan, yn 1931 en 1936. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden noch trije gearkomsten yn Rome wijd oan it deugdelike libben fan Donders. Dêrmei koe de algemiene postulator alle beswieren fan 'e 'advokaat fan 'e duvel' wjerlizze. Yn maart 1945 ferklearre paus Pius XII dat Donders syn deugden manmoedich útoefene hie; in betingst foar in sillichferklearring. Mar no ûntbriek noch jimmeroan in wûnder.

Yn 1976 fierde de redemptoristen de genêzing fan Lowieke Westland yn 1929 op 'e nij oan as bewiis foar in wûnder. De ûnstekking yn it bonkemoarch wie yn ien nacht oer, itjinge net op in natuerlike wize te ferklearjen wie. De Romeinske kongregaasje gie no akkoard. De sillichferklearring yn 1982 foel tegearre mei de 250e jierdei fan 'e yn 1732 stifte wrâldoarder fan 'e redemptoristen. It wie in moaie opstekker foar de roomsen yn Nederlân, dy't it yn dy tiid net sa maklik hiene. Sûnt dy tiid is der krewearre foar de hillichferklearring. Der is in op foarspraak fan 'e kandidaathillige twadde wûnder nedich, dy't nei de sillichferklearring plakfûn hat. De Tilburchske Stifting Petrus Donders stifte foar dat doel spesjaal in wurkgroep "hillichferklearring" op, dy't kontakt ûnderhâldt mei de twa vice-postulatoren yn Nederland en yn Suriname.

De yn 2001 ynwijde kapel yn Batavia, Suriname.

Yn 'e rin fan 'e tiid binne der skoallen yn Paramaribo, De Haach en Gemert ferneamd nei Petrus Donders. Yn Paramaribo stiet ek in nei de sillige ferneamd fersoargingssintrum. Yn it suden fan it lân is yn ferskillende plakken en ek yn Paramaribo in strjitte nei him ferneamd. Der binne ferskillende ferieningen en stiftingen mei de namme fan Petrus Donders.

Yn it berteplak Tilburch draacht in tsjerke, in kapel, in park, in monumint, in missy-stúdzjefûns, in EHBO-feriening, in parochy en in kafee syn namme.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: