Peenemünde
Peenemünde | ||
Haven fan Peenemünde | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Meklenburch-Foarpommeren | |
Lânkring | Foarpommeren-Greifswald | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 351 (2022) | |
Oerflak | 25,74 km² | |
Befolkingsticht. | 14 / km² | |
Hichte | 3 m | |
Oar | ||
Koördinaten | 54° 8'N 13° 46' E | |
Offisjele webside | ||
http://www.amt-usedom-nord.de/ | ||
Kaart | ||
Lokaasje Peenemünde yn 'e dielsteat Meklenburch-Foarpommeren
|
Peenemünde is in plak en gemeente op it eilân Usedom, dat heart ta de Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren en yn de Eastsee leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Twadde Wrâldkriich waard deun neist it doarp ûndersyk dien nei V-wapens, de saneamde Vergeltungswaffen, foar de Dútske Wehrmacht.
De V-2 waard op Peenemünde teste en wie it earst brûkte ballistysk wapen, dat nei syn doel laat wurde koe. Yn 1936 wie it ûntwerp klear en begûnen de eksperiminten mei de raket yn Peenemünde. Yn 1942 wie de earste lansearring fan in V-2 en joech Hitler tastimming foar de massaproduksje dêrfan.
Nei de oarloch wie der in Sovjet marinebasis dy't yn 1952 oerdroegen waard oan de striidkrêften fan East-Dútslân. De havenfasiliteiten waarden modernisearre en yn it earstoan troch de Eastdútske seeplysje brûkt. Op 1 desimber 1956 waard it haadkertier fan de Earste Fleat fan de DDR yn Peenemünde fêstige.
Tsjintwurdich is it doarp foar it meastepart ferlitten. Hiele wenblokken (typysk Eastblokbou) steane leech of der wenje mar ien as twa húshâldings yn sa'n blok. Fierders hat it plak ferfallen en ferlitten fabryksgebouwen. De boskige omkriten fan it plak is de tagong faak fan ferbean om reden fan natuerbehâld en om archeologyske redenen. Sadwaande, mei troch har lizzing op in eilân, in bot isolearre doarp.
De eardere enerzjysintrale (bunker) fan it ûndersykssintrum en it terrein dêr omhinne is in histoarysk-technysk museum mei as tema de technyk fan de V-wapens. Dêrnjonken stiet in boartersguodmuseum en in sintrum foar wittenskipsbelibbing (E=MC²).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peenemünde fan Wikimedia Commons. |