Springe nei ynhâld

Pedro Ocón de Oro

Ut Wikipedy

Pedro Ocón de Oro (Madrid, 1932 - dêre, 27 juny 1999) wie in Spaanske puzelmakker dy't sa'n 125 ferskillende puzzeltypes ûntwurpen hat. Syn Spaanske puzels waarden publisearre yn boeken en yn de konservative Spaanske krante ABC.

Ocón de Oro waard yn 1931 berne yn de strjitte Cava Baja fan de wyk Madrid de los Austrias. Hy learde steno en typen, mar die gjin ferfolchstúdzje. Syn earste baan wie stenograaf. Doe't er noch mar 16 jier wie, wûn er de krúswurdpuzelwedstryd fan it deiblêd Madrid. Datselde jier betocht er it puzelsoarte Jeroglífico (hieroglyf) en begûn er eigen spultsjes en puzels te ûntwerpen. Under de troch him betochte opjeften en puzelsoarten wiene:

  • Jeroglifico in puzelfoarm dêr’t ôfbylden en symboalen brûkt wurde om wurden of sinnen te foarmjen.
  • Sopa de letras (lettersop) - letter bekend as Wurdsiker of Speurpuzel.
  • Oconograma, lykas drûdels en de byldpuzels fan Dr. Denker)
  • Transfusión de letras, letters út ferskate wurden of sinnen wurde ferwiksele om nije wurden of sinnen te foarmjen.
  • Cuadrograma, fergelykber mei drûdels en byldpuzels.

Syn kreaasjes waarden publisearre yn party Spaanske en Latynsk-Amerikaanske kranten, en ek yn de fjouwer tydskriften dêr't hy sels de redakteur fan wie: Pasatiempos de Oro (1958), Crucigramas Oconoro (1968), Sopa de letras (1976) en Juegosramas.

Hy seach himsels in oanhinger fan Novejarque, de skriuwer fan 'e earste hiëroglyfen fan "Blanco y Negro", dy't er net persoanlik koe, "mar fan syn wurk, dat sa briljant wie", sei er. Yn antwurd op in brief stjoerd troch in lêzer fan ABC de Toledo, joech er as beskie dat neffens syn ynformaasje de earste hiëroglyfen dy't yn Spanje ferskynden, publisearre waarden yn ABC en 'Blanco y Negro’. Hy ûndertekene guon fan syn wurken bytiden mei pseudonimen lykas 'Benito' of 'Peter', mar meastentiids mei Ocón de Oro

Ocón de Oro bleau aktyf oant syn fjirtichste. Syn bedriuw waard fuortset troch syn dochters Chelo en Paloma. [1] Foar syn wurk waard hy bekroane mei trije Oscars foar Kommunikaasje, wêrfan de lêste yn febrewaris 1988.[2]

Utjeften (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: