Peculiar (Missoery)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Peculiar (Missoery)
Beweiwizering by de ôfslach nei Peculiar.
Beweiwizering by de ôfslach nei Peculiar.
Sifers
Ynwennertal 4.979 (2016)
Oerflak 21,9 km² (ynkl. wetter)
21,8 km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 227,4 / km²
Stêdekloft Kansas City (Missoery)
Hichte 302 m
Polityk
Lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Steat Flag of Missouri.svg Missoery
County Cass County
Oar
Stifting 1868
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 38°43′15″N 97°27′24″W
Webside www.cityofpeculiar.com

Peculiar is in stêd yn it westlike part fan 'e Amerikaanske steat Missoery. De plaknamme betsjut: "Nuver" of "Apart", en it pleatslike biedwurd is: "Where the odds are with you". Dat betsjut letterlik: "Dêr't de even getallen mei jo binne", mar wol safolle sizze as "Dêr't it tafal yn jins foardiel wurket." It is in wurdboarterij, mei't odd ek "nuver" betsjut en dus in synonym fan peculiar is. Peculiar makket diel út fan 'e stêdekloft fan Kansas City (Missoery). Neffens in offisjele skatting út 2016 hie it stedsje doe krapoan 5.000 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peculiar waard op 29 july 1868 stifte troch de lânmjitter fan 'e county, in Robert Cass. Iere kolonisten kamen benammen per rivierboat nei westlik Missoery ta út Illinois, Iowa, Michigan, Pennsylvania en Ohio. Oer lân kamen ek lju út Tennessee, Kentucky en Firginia.

De lizzing fan Peculiar yn Cass County en yn 'e steat Missoery.

Der besteane twa ferzjes fan it ferhaal hoe't Peculiar oan syn 'nuvere' namme kaam. Neffens it iene ferhaal soe de namme út 'e koker kommen wêze fan 'e earste postrinder fan Peculiar, in Edgar Thomson. Dy krige de opdracht om syn postkantoar yn it doe noch nammeleaze stedsje fan in namme te foarsjen, en tsjinne "Excelsior" yn. Dat waard lykwols ôfwiisd om't der al in Excelsior bestie yn Atchison County (Missoery). Nei't ferskate oare foarstellen lyksa ôfwiisd wiene, skreau Thomson yn argewaasje in lulk brief oan 'e postmaster-generaal fan 'e Feriene Steaten. Hy krige in beskie werom, dêr't yn stie: "It makket neat út hokker namme oft jo opjouwe, salang't it mar wat aparts (peculiar) is." Thomson tsjinne doe daliks Peculiar yn, en dy namme waard akseptearre.

Yn 'e oare ferzje fan it ferhaal, dat optekene waard troch de folkloriste Margot Ford McMillen, soene guon iere kolonisten yn 'e neite fan it lettere stedsje om har hinne sjoen hawwe nei in gaadlik plak om in boerespultsje te stiftsjen. Doe't se oer in heuvel hinne kamen en op in bedelte útseagen, sei ien fan harren: "No, dat is ek nuver [peculiar]! Dat is persiis it plak dat ik thús yn Connecticut yn in fizioen sjoen haw." It stik lân waard oankocht, en doe't dêr letter in delsetting ûntstie, krige dy de namme 'Peculiar'.

Peculiar krige yn 'e 1890-er jierren de status fan doarp en yn 1953 krige it stedsrjochten. Yn july 1968 waard it hûndertjierrich bestean fierd mei in feest dat njoggen dagen duorre en ûnder mear in antykfeiling en in rodeo omfette.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peculiar is in gemeente dy't bestjoerd wurdt troch in keazen boargemaster mei in sittingstermyn fan twa jier en in seiskoppige gemeenterie dy't ek in sittingstermyn hat fan twa jier. De trije wiken fan Peculiar tsjinje elts as kiesdistrikt foar twa fan 'e seis gemeenteriedsleden. Elts jier binne der ferkiezings foar ien gemeenteriedslid yn elts fan 'e trije wiken.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1900 hie Peculiar noch mar 104 ynwenners, en yn 1950 wie dat oantal omheech gien nei 267. Yn 1970 wiene der 705 ynwenners, mar neitiid begûn de befolking te groeien, fia 1.571 yn 1980, 1.777 yn 1990, 2.604 yn 2000 nei 4.608 yn 2010. Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Peculiar yn 2016 in befolking fan 4.979 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 227,4 minsken de km².

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Peculiar 10,0% âlder as 65 jier en 29,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 21,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 7,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 9,4% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier en 11,7% fan 'e leeftydskategory fan boppe de 65 jier.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 93,2% blanken; 2,7% Latino's; 2,0% swarten; 0,4% Yndianen; 0,3% Aziaten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Peculiar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.