Pearze Freed

Pearze Freed[1] (ek stavere as Pearse Freed[2]; Nederlânsk: Paarse Vrijdag, Ingelsk: Purple Friday) is in dei dêr't learlingen en learaars fan middelbere skoallen har solidariteit op sjen litte kinne mei lhbt+'ers troch de kleur pears op skoalle te dragen. Yn Nederlân wurdt de dei sûnt 2010 alle jierren op de twadde freed fan desimber hâlden.
Pearze Freed waard modelearre op Spirit Day yn 'e Feriene Steaten. De kleur pears is oernommen fan 'e pearze stripe fan 'e Reinbôgeflagge fan 'e homobeweging, dy't geast (karakter/Spirit) symbolisearret.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân waard Pearze Freed foar it earst hâlden yn 2010, op inisjatyf fan Nazmul Zaman, dy't op syn skoalle, de Piter Jelles-skoallemienskip yn Ljouwert, op in positive wize ferskaat yn seksuele oriïntaasje en seksuele identiteit sichtber meitsje woe en stipe biede woe oan lhbt-jongerein. Sûnt dy tiid is de dei organisearre troch de gearwurking fan de Gender & Sexuality Alliances (GSA) fan it COC.
Pearze Freed wurdt organisearre om't skoallen yn Nederlân faak gjin feilich plak binne foar LHBTI-jongerein. De helte fan alle learlingen fan it fuortset ûnderwiis hat muoite mei iepen uteringen fan homoseksualiteit. LGBTI-jongerein genietet minder fan skoalle en skoaltsjeskûlet mear. Hja fine dat de sfear yn 'e klasse (en har eigen posysje dêryn) minder goed is, se hawwe in minder goede relaasje mei har learkrêften en 51% fan dejingen dy't út 'e kast binne, is it ôfrûne jier narre of hat te krijen hân mei negative reäksjes oangeande harren seksuele oriïntaasje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|